Heallieder
(Trochferwiisd fan Healgelieders)
Heallieders (Ned. halfgeleiders, Ingelsk: semiconductors) binne stoffen dy't wat elektrise lieding oangiet tusken lieders en isolatoaren lizze. Heallieders liede de elektrisiteit dus in bytsje. Bekende heallieders binne silisium (Si), gallium-arsenide (GaAs), germanium (Ge), ensfh. Mei heallieders kinne in ferskate elektroanyske komponinten makke wurde. Elektroanisy neame soksoarte healliederskomponinten meastentiids koartwei „heallieders”.