Hector Treub (Voorschoten, 1 augustus 1856 - Amsterdam, 7 april 1920) wie fan 1886 ôf heechlearaar kreamkunde yn Leien en fan 1896 ôf yn Amsterdam. Hy wie de opfolger fan syn betiid ferstoane kollega en freon Van der Meij, en realisearre Van der Meij syn dream, in nije Frouljusklinyk. Treub krige dêr de lieding yn 1898.

Hector Treub

Treub kaam op foar froulju, woe harren wetlike-, sosjale-. en ûnderwiisposysje ferbetterje. De earste Nederlânske froulike arts Aletta Jacobs en hy wienen tige rekke troch de faken kommerlike frouljuslibbens en krewearren foar 'previntyf (seksueel) ferkear', ek wol 'fakultative steriliteit' neamd, (1898) wat harren noch alris kwea-ôf naam waard.

Treub skreau in soad; syn wichtichste wurk wie it paadsljochtsjende Leerboek der gynaecologie (1892). Fierders publisearre er it Leerboek der verloskunde (1898) dêr't Van der Meij de oanset al ta jûn hie en in Leerboek der gerechtelijke verloskunde (1908).

Syn âldste broer wie de Ynjeske botanikus Melchior Treub; syn jongste broer de liberale politikus Willem Treub.

Literatuer bewurkje seksje

Fan Treub bewurkje seksje

  • Hector Treub. Leerboek der gynaecologie, 2 dielen. Leien, Van Doesburgh, 1892.
  • Hector Treub: Leerboek der verloskunde. 1898. 9e ferb. druk: Haarlim, De Erven Bohn, 1935.
  • Hector Treub: Leerboek der gerechtelijke verloskunde. Haarlim, Utjouwerij Bohn, 1908.

Oer Treub bewurkje seksje

  • G.Th.A. Calkoen: Hector Treub (1856-1920). Eigenzinnig als mens, strijdbaar voor de vrouw. Leien, Ginkgo, 2013. ISBN 9789071256233
  • K.J. Kloosterman: Hector Treub (1856-1920); een veelzijdig en geëngageerd gynaecoloog. Yn: J.C.H. Blom (red.): Brandpunt van geleerdheid in de hoofdstad; de Universiteit van Amsterdam rond 1900 in 15 portretten. Verloren, 1992. ISBN 9065503498

Keppeling om utens bewurkje seksje