Heidenrod is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn Dútske dielsteat Hessen.

Heidenrod
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 7.861 (31.12.2020)
Oerflak 94,95 km²
Befolkingstichtens 82 / km²
Hichte 475 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 12´N 07° 59´E
Webside www.heidenrod.de

Yndieling bewurkje seksje

Heidenrod bestiet út 19 Ortsteile: Algenroth, Dickschied, Egenroth, Geroldstein, Grebenroth, Hilgenroth, Huppert, Kemel, Langschied, Laufenselden, Mappershain, Martenroth, Nauroth, Niedermeilingen, Obermeilingen, Springen, Watzelhain, Wisper en Zorn. It binne hast allegear lytsere plakken en seis doarpkes hawwe net mear as likernôch 100 ynwenners.

Yn 1971 waarden ynearsten 16 selstannige gemeente ta in grutte gemeente ûnder de nije hamme Heidenrod gearfoege. Op 1 july 1972 waard Martenroth by de gemeente yndield en de eardere gemeente Hilgenroth folge yn 1977.

Geografy bewurkje seksje

 
De Wisper yn de gemeente Heidenrod

Heidenrod leit yn it westlike diel fan de Taunus, noardlik fan de belangrykste berchrige tusken Koblenz en Wiesbaden, westlik fan de Aar en rûchwei tusken de Ryn en de Lahn.

Kemel (510 meter boppe seenivo) en Mappesheim (500 meter boppe steenivo) binne de heechstlizzende doarpen yn de gemeente. De Mappershainer Kopf, likernôch 500 meter noardwestlik fan Mappesheim, is de heechste berch yn it westlike diel fan de Hintertaunus.

Yn de gemeente hat westlik fan Kemel de Wisper syn boarnen, dy't tusken de Ortsteilen Wisper en Geroldstein by inoar komme, en yn Mappershain hat de Dörsbach syn boarne.

Likernôch 60 % fan it gemeentegebiet bestiet út bosk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.