Helomafeart

De Helomafeart by Nijetrine (2006)
Aldlemmerbrêge oer de Helomafeart

Helomafeart of Jonkersfeart (Stellingwerfsk en offisjeel: Jonkers- of Helomavaort) is in diel fan de wetterferbining Oerisel-Prinses Margrietkanaal, en rint tusken de Tsjonger en de Linde, yn it noarden yn 'e himrik fan Aldlemmer en yn it suden op 'e grins fan 'e himrikken fan Aldetrine en Nijetrine. By de Driewegsluis rint de feart yn de Linde. De feart is neamd nei de famylje Heloma dy't de feart yn 1774 grave liet. Tusken 1920-1930 wie it yn behear by de provinsje. Nei 1930 ferbrede en ferdjippe oant -1,7 m. Oan de Helomafeart stean noch twa mûnen. De Oldelamersbrêge giet iepen of ticht troch sensoaren.Yn de feart leit noch de koartlyn restaurearre âlde houten feanslûs, as tagong foar de turfskippen dy't eartiids fan de Linde ôf de feanpolder ynfearen.