Hendrick Avercamp

Hendrick Avercamp (doopt 27 jannewaris, 1585, Amsterdam - te hôf brocht 15 maaie, 1634, Kampen (Oerisel)) wie in Nederlânsk skilder fan foaral wintertafrelen.

Winterlânskip mei Iiswille, 1608
Wille op it iis
Wintertafreel op in feart

Avercamp studearre yn Amsterdam by de yn Denemark berne portretskilder Pieter Isaacks (1569-1625), en faaks ek by David Vinckbooms. Yn 1608 ferfear er fan Amsterdam nei Kampen yn Oerisel. Avercamp wie stom (fermoedlik om't er ek dôf wie) en stie bekend as "de Stomme van Kampen".

As ien fan de earste lânskipsskilders fan de 17e-iuwske Hollânske Skoalle, spesjalisearre er him yn it skilderjen fan Nederlân winterdeis. It lêste fearnspart fan de 16e iuw, dêr't Avercamp yn berne waard, wie ek ien fan de kâldste perioades fan de lytse iistiid. Avercamp syn skilderijen binne fol fan kleuren en libben, mei sekuere werjefte fan figueren yn it lânskip.

De Flaamske skildertradysje (û.o. hege kime, fûgelflecht, in soad warbere figueren) is werom te finen yn syn betide wurk, ynfloeden fan bygelyks Pieter Brueghel de Alde. Letter waard sfeartekening wichtiger yn syn wurk en sakke de kime.

Avercamp's wurk waard populêr en syn tekeningen koene by ôflevering sa de mappen fan de samlers yn, de saneamde 'skilderijkes op papier'. Faak brocht er ek wat wetterferve oan yn op tekening, de linen en kontoeren bleaune bestean, sa koe er tige moai de sêft-bleke winterske kleuren en de nuânses fan it iis werjaan. Wierskynlik skildere Avercamp yn syn atelier neffens sketsen, dy't er yn de winter makke hie.

Avercamp stoar yn Kampen en leit dêre yn de Sint Nicolaastsjerke.

Neifolgers bewurkje seksje

Hendrick Avercamps wintergesichten waarden neifolge troch Jan van Goyen, Aart van der Neer, Antonie Verstralen en Jan van de Cappelle.

Thea Beckman skreau in boek mei de titel De stomme van Kampen oer it libben fan Hendrick Avercamp.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrick Avercamp fan Wikimedia Commons.