Hendrik Christiaan van de Leur

Hendrik Christiaan van de Leur (Felsen, 12 augustus 1898 - Nimwegen, 8 jannewaris 1994) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Hendrik Christiaan van de Leur
H. C. van de Leur (1950)
H. C. van de Leur (1950)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrik Christiaan van de Leur
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 augustus 1898
berteplak Felsen
stoarn 8 jannewaris 1994
stjerplak Nymwegen
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt

Libben en wurk bewurkje seksje

Van de Leur krige op de ambachtsskoalle yn Utert syn oplieding ta timmerman en jûns learde er foar arsjitekt. Op 1 augustus 1922 kaam de 24-jierrige Van de Leur yn tsjinst by de Frânske muonts-arsjitekt Dom Bellot OSB, dy't in arsjitekteburo hie yn de Paulusabdij yn Oosterhout. Dom Bellot ûntwurp tsjerken en gebouwen, Van de Leur wurke se út yn bestektekeningen, regele de boufergunnings en de oare administrative saken. Hy waard al rillegau mear belutsen by it tafersjoch op de bou fan de ûntwerpen.

Op 1 jannewaris 1929 waard Van de Leur associé-kompanjon fan Bellot. Dom Bellot gie werom nei it kleaster yn Wisques (Frankryk) en soe dêr syn arsjitektepraktyk fuortsette. Van de Leur fêstige him op 1 septimber 1929 yn Nymwegen en begûn foar himsels.

Yn dizze perioade boude er de neifolgjende tsjerken:

Yn 1936 wie Van de Leur biskoplik Ynspekteur wurden foar it Bisdom 's-Hertogenbosch. Hy moast de plannen fan pastoors en tsjerkebestjoeren beoardiele, mar hy ûntwurp doe ek wenten en skoallen.

Doe't de oarloch begûn hie Van de Leur trije projekten ûnder hannen dêr't út bliken die dat er mei syn tiid meigie:

  • 1938: Bou Mariatsjerke te Oudenrijn- De Meern,
  • 1939-’40: Bou St. Leonardustsjerke te Helmond en
  • 1940: Utwreiding kleaster Mariëndaal te Groesbeek (kapel en ûnderkommens).

Nei de kriich sleat er him hieltyd mear oan by de hearskjende styl fan de R.K. tsjerkebou fan om 1950 hinne, de Boske skoalle.

Twa bysûndere opdrachten krige er yn de jierren 50: De yn de kriich swier skansearre tsjerken fan Berlicum en fan Beugen waarden fannijs opmakke; de Onze Lieve Vrouwekerk fan Beugen yn de âlde goatyske styl, de Petrustsjerke fan Berlicum krige lykwols in Boske-styleftich front.
Yn 1960 wreidde Van de Leur de tsjerke fan Ewijk út en boude de Jozef-Opifextsjerke te Leidschendam. Twa jier letter boude er syn lêste nijboutsjerke yn Nijmegen-Brakkenstein.

Fan 1970 ôf boude Van de Leur allinnich noch profane gebouwen: hûzen en skoallen. Van de Leur sette op lettere jierren ek noch útein mei in karriêre as binnenhûsarsjitekt. It wichtichste wurk út dy tiid is nei alle gedachten de rekonstruksje fan in “Via Orientalis” yn it hjoeddeiske Museumpark Orientalis yn Heilig Landstichting. Foar dizze opdracht moast er in strjitte bouwe sa't dy der útsjoen hawwe moat yn it bibelske Jeruzalem.
Dit museum stiet tsjinoer syn hûs dat er sels ûntwurpen hie.

Hendrik Christiaan van de Leur is op 8 jannewaris 1994 yn Nymwegen stoarn.

Galery bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Webstee oer Van de Leur