Hendrik Schippers
Hendrik Schippers, folút: Hendrik Karel Schippers (Jobbegea Skuorregea, 27 april 1893[1] – Drachten, 1971), wie in Frysk koardirigint, oersetter, learaar oan 'e rykskweekskoalle te Drachten en frisiast. Teffens joech er gauris foardrachten fan Frysktalige proaza.
Hendrik Schippers | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Karel Schippers | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 april 1893 | |
berteplak | Jobbegea Skuorregea (Fryslân) | |
stoarn | 1971 | |
stjerplak | Drachten (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | dirigint, learaar | |
aktyf as | oersetter, frisiast | |
reden bekendheid |
sette Gide syn Pastorale Symfony oer yn it Frysk |
Schippers hat ek konservator fan 'e Drachtster Aldheidkeamer west, en wie de stichter fan toankeunstkoar Frisia Cantat Drachten, dat er ek 40 jier laat hat[2].
Wurk
bewurkje seksje- 1941 - Enige Opmerkingen over het Koorleiderschap in Friesland
- 1957 - Hofkesjonge by Tûke Tinkers
- 1963 - Pastorale Symfony (oersetting nei La Symphonie Pastorale, fan André Gide)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|