Hennie Dijk-Stel (Aldwâld, 1953), is in byldzjend keunstner út Aldwâld. Se besiket yn har tún in balâns te finen tusken de wiidsheid fan Noard-Fryslân en de smûkere Fryske Wâlden. Se utert dat yn grutte stikken mei oaljeferve of lytsere yndrukken mei East-Yndyske inkt.

Simmerboeket

In spesjaliteit fan har is it skilderjen fan tunen. Om har eigen âlde kop-hals-romppleats leit in tún dy't besikerstún fan de Nederlânske Tunestifting is. De tún is yndield yn ôfwikseljende tunen dy't troch ferskate túnûntwerpers oanlein is.

Foar de Folksuniversiteit jout se ek kursussen en wurkshops, faak oer it skilderjen fan blommen. Se hat ûnder oare eksposearre yn Galery Pilat & Pilat yn Twizel, it Frysk Skildershûs yn Ljouwert, mar ek yn Denemark Ingelân en Dútslân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: