Henriëtte Ronner-Knip
Henriëtte Ronner-Knip (Amsterdam, 31 maaie 1821 - Elsene, 28 febrewaris 1909) wie in Nederlânsk-Belgysk keunstskilderes dy't har talei op romantyske bisteskilderijen. Se is fral bekend fan har skilderijen fan katten, dy't ein 19e iuw tige wurdearre waarden[1]. Nei har houlik ûndertekene hja har wurk mei "Henriëtte Ronner".
Biografy
bewurkje seksjeHenriëta wie it twadde bern fan de skilder Josephus Augustus Knip (1777-1847) en fan Cornelia van Leeuwen (1790-1848) (syn freondinne; syn oare helte libbe apart en Josephus soe earst letter fan har skiede yn 1824).
De húshâlding moast faak ferhuzje at heit earne les jaan koe. Tsjin 1823 wie har heit al blyn oan ien each. It jier dêrop giene hy en Pauline foarfêst út elkoar en boaske er oan Cornelia. Yn 1832 wie heit folslein blyn, mar de húshâlding ferhuze dochs noch gauris: koart skoft wennen se yn De Haach, dêrnei yn Beek en De Bosk om harren yn 1840 te festigjen yn Berlicum yn Noard-Brabân.[2] Tsjin dy tiid hie Knip it ynkommen en it húshâlden al op 'e noed.
Sûnt 1835 wie se echt serieus oant skilderjen slein en hie se rillegau súkses. Fan 1836 ôf oan stjoerde se skilderijen nei de salons: Noard-Brabânske lânskippen, doarpsmerken, sênes mei hûsdieren, fee, dowen, jachthûnen en apen, alles skildere yn in romantyske styl.
Nei it ferstjerren fan Cornelia ferfear hja nei Amsterdam dêr't se buorkerijen, bisten en bosklânskippen skildere; earst mei wetterferve en letter yn oaljeferve. Itselde jier wie se de earste frou dy't "aktyf lid" fan Arti et Amicitiae waard. Op 14 maart 1850 boaske se yn Amsterdam oan Feico Ronner (1819-1883) út Dokkum en dêrnei ferfearen se nei Brussel. Sy krigen seis bern: Marie-Thérèse (1851-1852), Alfred Feico (1852-1901), Edouard (1854-1910), Marianne-Mathilde (1856-1946), Alice (1857-1957) en Stéphanie-Emma (1860-1936).
Har man wie faak siik en krige sadwaande gjin fêst wurk, dat hy waard Henriëtta har manager. Ek yn dy snuorje lei se har fral ta op itt skilderjen fan hûnen en katten. Nei 1870 makke se har meast ferneamde wurken mei (faak boartlike) katten yn boargerlike fermiddens. Se skildere doe ek noch wol hûnen, benammentlik de skoathûntsjes fan Marie Henriëtte fan Eastenryk en Prinsesse Marie fan Hohenzollern-Sigmaringen.
Letter yn har libben hie se in hûs mei in grute tún, dêr't se jachthûnen, katten en in pappegaai hold dy't ek model stiene foar har wurk. Ut en troch arbeide hja op mei de sjênreskilder David Col.
Yn 1887 waard se ûnderskieden mei de Oarder fan Leopold en yn 1901 waard se lid fan de Oarder fan Oranje-Nassau. Alfred Ronner, Alice Ronner en Emma Ronner waarden alle trije keunstskilder; sy hiene faak meiïnoar in tentoanstelling. Edouard Ronner waard abbekaat.
Galery
bewurkje seksje-
Stúdzjes fan katsjes dy't wekker wurde
-
De hûnekarre
-
Katsje, 1896
-
Underrjocht
-
Pianoles, 1897
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Ronner-Knip and her paintings @ The Great Cat
- Henriëtte Ronner-Knip @ CurioCafe
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henriëtte Ronner-Knip fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
--- Literatuer
|