Henry Gray (Londen, 1827 – dêre, 13 juny 1861) wie in Britsk anatoom en sjirurch dy't fral ferneamd waard fan it learboek oer anatomy, Gray's Anatomy. Hy waard keazen ta Fellow of the Royal Society (FRS) doe't er noch mar 25 jier wie.

Henry Gray

Libben bewurkje seksje

Gray skreau him yn 1845 as studint yn oan St. Georges Hospital yn Londen, dêr't er letter dosint anatomy waard. As studint waard er al ûnderskieden mei in priis fan de Royal College of Surgeons foar syn The Origin, Connexions and Distribution of nerves to the human eye and its appendages, illustrated by comparative dissections of the eye in other vertebrate animals. 1852 waard er lid fan de Royal Society.

Yn 1858 waard de earste útjefte fan Gray’s Anatomy, mei goed 750 siden en mear as 350 yllustraasjes, publisearre. De yllustraasjes wiene fan Henry Vandyke Carter en diene harrens ta it súkses fan it wurk. It boek waard yn de rin fan de jierren ta ien fan de ferneamdste standertwurken fan de stúdzje medisinen yn de Angelsaksyskre wrâld.

Gray stoar juny 1861 oan de pokken. Hy waard beïerdige yn Londen op de Highgate Cemetery.

Literatuer bewurkje seksje

  • A. E. Flatt: Happy birthday, Gray’s Anatomy. Yn: Proceedings (Baylor University. Medical Center). Bân 22, nûmer 4, oktober 2009, S. 342–345. PMID 19865508.
  • J. M. Pearce: Henry Gray’s Anatomy. Yn: Clinical anatomy. Bân 22, nûmer 3, april 2009, S. 291–295. PMID 19280653.
  • Ruth Richardson: The Making of Mr Gray’s Anatomy: Bodies, Books, Fortune and Fame. Oxford University Press, 2008, ISBN 0-19-955299-1.

Keppelings om utens bewurkje seksje