De Hesensstate wie in state noardwest fan Jorwert, yn wat doe de gemeente Baarderadiel wie, no Littenseradiel, midden tusken de doarpen Skillaard en Leons. Op it plak fan de state stiet no in pleats.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1435. Hesens is ek in histoarysk plak. Yn 1435 wenne hjir Sypa to Hesens, de grytman fan Baarderadiel. Yn 1506 wie der in Haeije Hesens pastoar yn Snits. Yn it proklamaasjeboek stiet by 24 april 1713: Tjeerd Sijdses coopman te Franeker, koopt de stemdragende sathe lands Hesens onder Jorwerd, groot 107 pondematen, in gebruik by Jan Jakobs Tania als meijer, met hovingen, plantagie, zomerhuis, hebbende de Heeren Burmania en Cathius ten Oosten, notaris Offringa ten Zuiden, de Wed. Jansonius ten Noorden, tot naastlegers, van Jonker Tjalling van Sixma, grietman van Rauwerderhem, te Loënga op Pollema State, voor f. 72,80 de pondemaat. Tot laste van de cooper zal moeten geschieden: De bomen op den singel zijn bij boelgoed en de groote huisinge met de daagse camer, keuken en de groote poorten met alle de fundamenten, mede aldaar op de gronden staande, bij strijkgeld verkocht, om te worden afgebroken voor 16 april 1718 en de voorkamer en poort op Mei 1715.

Yn de foartsjerke yn Jorwerd leit in stikkene grêfsark mei it opskrift: Anno 1569 de 2 en 3 Decebris ....t.... der ....nacht vermoordt ....sij .... slaepkamer. De Eeren .... Heerscip Wattie-va-Hania. Anno 1565 de 10 Decebris is gerust die Eerbare Iuffrou Yda van Gratinga syn egte huysfrou. Anno 1570 de 22 Marti is gerust Wattie Hania haren zoen.
Dit opskrift sprekt fan in moard. In feint soe syn hear op Hesens fermoarde hawwe.

Fierders leit der noch in sark yn it koar fan de tsjerke op in grêfkelder. It is in keunstwurk, noch like geef as wie it hjir trije wike lyn dellein ynstee fan trije iuwen. Der steane twa ridders libbensgrut yn útbeitele yn harnas en folsleine wapenrêsting en mei oar wapenreau op it fuottenein. Yn de midden stiet it opskrift: Anno 1658 den 6 Augustus is overleden den Edelen, Manhaften Heere Johannes Nauta van Hesens, in zijn leven Ritmeester over een Compagnie te paarde, olt 25 jaren ende leit hier begraven.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1435 Sypa (Sippe) to Hesens
  • 1506 mooglik Haye Hesens
  • oant 1569 Wattie (Watze) fan Hania
  • 1658 mooglik Johannes Nauta fan Hesens
  • 1713 Tjalling fan Sixma (û.o. ek eigener fan Sixma fan Andlastate te Minnertsgea)
  • ± 1716 is de state ôffbrutsen
  • yn 1713 waard Tjeerd Sytses út Frjentsjer eigener fan de pleats en lannen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: