Hillige Ferlossertsjerke (Gjûmri)

De Tsjerke fan de Hillige Ferlosser (Armeensk: Սուրբ Ամենափրկիչ Եկեղեցի) is in 19e iuwske tsjerke yn Gjûmri, Armeenje. De tsjerke grinzget oan de súdlike kant fan it Vartanants Plein yn it sintrum fan de stêd. De bou fan de tsjerke fûn yn de jierren 1858-1872 plak; de wijing yn 1873.

Tsjerke fan de Hillige Ferlosser

Սուրբ Ամենափրկիչ Եկեղեցի

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
provinsje Sjirak
plak Gjûmri
adres Vartanants Plein
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1858-1872

Skiednis bewurkje seksje

Yn de jierren 1850 waard yn de nije stêd Aleksandropol (sa't Gjûmri doe hiet) in Armeensk-katolike en in Gryksk-otterdokske tsjerke boud. Foar de oanhingers fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, de mearderheid fan de befolking, waard dat field as in mislediging. Dat hja besletten ek in tsjerke te bouwen, mar dan krekt yn it midden fan dy twa nij tsjerken. Boppedat moast de tsjerke grutter lykje en mear yndruk meitsje.

 
De tsjerke yn 2011

De bou sette yn 1858 útein en waard ûnder tafersjoch fan de arsjitekt Tadeos Andikjan (1835-1899) útfierd. It ûntwerp fan de tsjerke waard liend fan de katedraal fan Ani, mei dit ferskil dat de Ferlossertsjerke folle grutter is dan Ani's katedraal.

De tsjerke waard by de ierdskodding fan 1926 sparre. Oan it begjin fan de jierren 1930 lieten de Sovjet-autoriteiten beslach lizze op it gebou. Yn 1932 waard de klokketoer sloopt, dy't lykwols yn 1964 wer rekonstruearre waard. Yn de kommunistyske tiid bleau it gebou yn gebrûk as museum en letter ek as konserthal foar klassike muzyk

De grutte ierdskodding fan 1988 soarge foar grutte skea oan it gebou. Sûnt 2002 ûndergyng it skeinde gebou in grutte renovaasje, dy't yn 2015 ôfsletten waard.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: