Hippokrates

(Trochferwiisd fan Hippokrates fan Kos)

Hippokrates fan Kos (Aldgryksk: Ἱπποκράτης ὁ Κῷος) (Kos, ± 460 f.Kr.Larissa, 370 f.Kr.) wie in âlde Grykske arts. Syn namme betsjut hynstetemmer. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer, de 'heit' fan de Westerske genêskunde omdat hy as earste natuerlike ynstee fan boppenatuerlike oarsaken foar sykten seach. Hy wie ien fan de earsten yn de Westerske wrâld dy't op basis fan lichaamlike symptoamen in diagnoaze stelle koe en dêrby in bepaalde terapy foarskreau. Dat prinsipe waard lykwols inkele millenia dêrfoar al tapast yn Yndia en Sina. Hy helle dus de genêskunde yn de Westerske wrâld út de taboesfear fan tsjoenderij en godstsjinst.

Hippokrates fan Kos

Ien fan de grutte fertsjinsten fan Hippokrates is dat hy de medyske wittenskip skiede fan it hearskjende natuerfilosofysk tinken. Hy lei de sterke neidruk op hygiëne, net allinnich foar arts mar ek foar de pasjint, op gesonde yt- en drinkgewoanten, it belang fan frisse lucht en in natuerlik ferrin fan prosessen yn it lichem.

Hy wie der wis fan dat gesondheid fan de minsk ôfhong fan de balâns tusken lichemssappen; ûnbalâns soe sykte feroarsaakje. Dit wurdt de lear fan de humores neamd. It minsklik lichem soe bestean út fjouwer soarten lichemssappen: slym, bloed, giele galle en swarte galle ((gr) χóλоς). De fysike en mentale tastân (it temperamint) en sykteferskynsels waarden ferklearre út it besteande gehalte oan de ferskillende sappen. In tefolle oan slym (flegma) soe in flegmatysk of kalm temperamint ta gefolch hawwe; in tefolle oan bloed in sanguïnysk of optimistysk, pasjonearre temperamint; in tefolle oan giele galle in goalearysk of prikkelber, opljeppend temperamint; en in tefolle oan swarte galle in mankelyk, depressyf temperamint. In ûnbalâns soe behannele wurde moatte mei in dieet.

Earst waard tocht dat de sykte epilepsy (fan de stam fan it Ald-Grykske wurd (gr) λαμβάνειν (= slaan, gripe), (gr) ληβ-) te krijen hie mei de goaden, dy't immen mei de fallende sykte stevich oanpakten, neidat se him trappearren op in goddeleaze died. Hippokrates ûntdekte dat it in lichaamlik fenomeen wie, en dus gjin straf.

Hippokrates (yllustraasje út 1925)

Letter waarden dizze ideeën, dy't lange tiid grutte ynfloed op de medyske wittenskippen hâlde soenen, oernomd troch de ynfloedrike Gryksk/Romeinske arts Klaudius Galenus. Dizze soe de teory ferbine mei dy fan de fjouwer eleminten: it flegmatyske ferbûn hy mei wetter, it sanguine mei loft, it goalearyske mei fjoer en it mankelike mei ierde.

Hippokrates hie in praktyk en in artseskoalle op syn berte-eilân Kos, dêr't hy syn learlingen in hege beropsmoraal bybrocht. Hy ûntwurp in plechtige artsen-ûnthjit dêr't hy syn pupillen oan ferplichte en dy tsjintwurdich noch yn Nederlân troch artsen by harren ôfstudearjen ôflein wurdt. Hoewol't der ferskate foarmen fan de eed besteane wurdt hy noch altiten de 'Eed fan Hippokrates' neamd.

Ek de ûntdekking fan de pinestiller en koartsûnderdrukker aspirine yn wylgebast stiet op namme fan Hippokrates.

In samling fan sa'n 70 geskriften mei medyske ûnderwerpen is ferneamd nei Hippokrates: it corpus Hippocraticum. Troch it feit dat dizze yn ferskate Ioanyske dialekten skreaun binne en elkoar sa no en dan tsjinsprekke, makket dat dizze grif net allegear allinnich troch Hippokrates op skrift steld binne. Wol steane syn ideeën oer en benadering fan de medyske wittenskip der yn. De Aforismen en de Eed fan Hippokrates binne ûnderdiel fan dizze rige wurken.

Sjoch ek bewurkje seksje