Hit (muzyk)

(Trochferwiisd fan Hit (liet))

In hit (fan it Ingelske hit, letterlik: "rekkeslach") is súksesfol en populêr liet of oar muzykstik, dat as single útbrocht wurdt en in soad op 'e radio te hearren is. Fan in hit wurde in protte eksimparen ferkocht, en faak wurde hits dan ek sertifisearre as gouden of platina platen. De term 'hit' rekke yn de 1960-er jierren yn gebrûk yn it Frysk en it Nederlânsk.

In periodyk útjûn oersjoch fan hits wurdt in hitlist of hitparade neamd. Dêryn wurdt oan de hits in rangoarder takend op basis fan 'e ferkeapsifers of de kearen dat in liet spile wurdt op 'e radio (airplay), en sadwaande hawwe sokke listen faak in namme mei 'top' deryn, lykas 'top 40', 'top 50' of 'top 100'. Dat wol dus sizze dat se in oersjoch jouwe fan de 40, resp. 50 of 100 bêst ferkeapjende singles fan in beskate perioade, wêrby't it earste plak taparte is oan 'e alderbêst ferkeapjende single, de saneamde nûmer 1-hit. Guon hits foarmje in seizoensbûn fenomeen, lykas de karnavalskreaker, de simmerhit en de krysthit.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.