Hjoed yn it Park
Hjoed yn it Park is in fergees tagonklik muzykfestival dat elts jier yn july as ûnderdiel fan 'e Akademyske Dagen holden wurdt yn it Stedspark fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. Njonken optredens op it mêd fan popmuzyk en oare muzyksjenres foar jong en âld op ferskate poadia, wurde der ek berne-aktiviteiten organisearre en is der in keur oan itenskreammen. De earste edysje fan Hjoed yn it Park wurdt holden op sneon 7 july 2018 tusken ien oere middeis en ien oere nachts.
Hjoed yn it Park | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | it Stedspark | |
tiid fan it jier | july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk en oare sjenres | |
bestean | 2018 – no | |
offisjele webside | ||
Hjoed yn it Park op Facebook |
De inisjatyfnimmers, Bertjan Bloemsma, Pieter van Dijk en Allard Hutten, sizze dat se mei it nije muzykfestival in moetingsplak skeppe wolle dêr't de hiele gemeente De Waadhoeke (dy't per 1 jannewaris 2018 oprjochte waard út It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en fjouwer doarpen fan Littenseradiel) gearkomme en mei-inoar yn 'e kunde komme kin. De earste edysje fan Hjoed yn it Park is ta stân kommen yn gearwurking mei de gemeente De Waadhoeke en partikuliere sponsors.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|