Hoalebewenner of troglodyt is in beneaming foar de primitive minske út 'e iere Stientiid. De term wie oarspronklik inkeld bedoeld om oan te jaan hoe't de minske yn 'e prehistoarje libbe, nammentlik: as jager-sammelders dy't nachts yn grotten of hoalen taholden dêr't se beskutting hiene tsjin minne waarsomstannichheden en beskerming fûnen tsjin gefaarlike wylde bisten. Meitiid krige it begryp 'hoalebewenner' lykwols hieltyd mear negative assosjaasjes lykas 'dom', 'ûnhandich' en 'gewelddiedich'.

In ôfbylding fan Neändertalers troch Charles R. Knight út 1920.

De popularisaasje fan it begryp 'hoalebewenner' datearret fan 'e iere tweintichste iuw, doe't de Neändertaler yn 't earstoan troch ûndersikers as Marcellin Boule en Arthur Keith beskreaun waard as aap-eftich. Hoewol't dy't karakterisearring ûnwier bliek te wêzen neigeraden dat mear bekend waard oer de iere minsken en minskeftigen yn it Pleistoseen, is de semantyske lading fan 'e term 'hoalebewenner' net meiferoare.

Tsjintwurdich wurdt de term 'hoalebewenner' eins inkeld noch brûkt as oantsjutting foar in fêst type personaazje yn beskate wurken fan fiksje, en as delbûgende term foar immen dy't gjin manieren hat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.