It Hoendiep (Grinslânsk: Houndaip) is in kanaal tusken de stêd Grins en Súdhorn (Noardhornergea). Foar 1938 hiet it hjoeddeiske stik fan it Van Starkenborghkanaal fan Súdhorn oant de Fryske grins ek Hoendjip.

Gabrêge, de lêste brêge fan it Hoendjip (op de foargrûn it Van Starkenborghkanaal)
It Hoendjip by Heechtsjerk

It Hoendjip rûn oarspronklik fan in punt bewesten de Grinzer Aapoarte nei De Poffert. Dêrwei farde men, om yn Fryslân te kommen, oer de Gave (no foar it grutste part ferdwûn) nei it Lettelberterdjip. Dêrwei gie men fierder oant Briltil en dan nei it Niekersterdjip en it yn 1572-1576 yn opdracht fan de Spaanske steedhâlder Caspar de Robles groeven kanaal, it Knillesdjip, nei de Burgumer Mar. Oan it Hoendjip lizze Grins, Heechtsjerk, De Poffert, Enumatil, Súdhorn en Briltil.

Yn 1616 waard it Hoendjip fan de Poffert ferlein nei it Lettelberterdjip (no De Poffert - Enumatil). De Gave by Eastwold ferlear syn betsjutting en fersâne.

Fan 1654 - 1657 waard it Hoendjip fan de Bril ferlinge nei it noarden oant Noardhornertolhikke. Dêrwei gie men nei it westen, it besteande stik fan it Van Starkenborghkanaal, oant it wer oanslute by it Kolonel Roblesdjip. Yn 1863 is in ferbining fia de Westerhaven (in stik fan de eardere stedgrêft) mei it Hoarnsedjip groeven en waard de Westerhavenslûs oanlein. It lânferkear bylâns de Westerhaven nei Paterswolde, dat de nije ferbining tusken it Hoendjip en de Westerhaven kruse moast, makke doe gebrûk fan de Kroodersbrêge. Om de dochs wol bochtige skipfeartrûte te ferbetterjen, is yn 1909 it Iendrachtskanaal in gebrûk nommen. Letter binne de Westerhaven en it stik fan it djip tusken de haven en it Iendrachtskanaal tichtsmiten. De strjitnamme is noch altyd Hoendjip. It hjoeddeiske djip is 15 jm lang.