Hofstra Universiteit

De Hofstra Universiteit (Hofstra University) is in Amerikaanske partikuliere universiteit yn Hempstead op Long Island yn de steat New York.

Hofstra Universiteit
de Seryl and Charles Kushner Hall, de rjochtsfakulteit fan Hofstra University
de Seryl and Charles Kushner Hall,
de rjochtsfakulteit fan Hofstra University
Namme
Ynternasjonale namme Hofstra University
Biedwurd Je maintiendrai
Lokaasje
Lân Feriene Steaten
Plak Hempstead
Oare bysûnderheden
Type partikulier
Oprjochting 1935
Tal studinten 12.400
Tal meiwurkers 1.185 akademysk
Offisjele webside
www.hofstra.edu
Silhûet fan 'e Hofstra Universiteit

Skiednis bewurkje seksje

Hofstra is stifte yn 1935 op basis fan de neilittenskip fan de rike houtmagnaat William Sake Hofstra (1861-1932) en syn frou Kate Mason Williams (1854-1933). De heit fan William, Sake Hoftra, waard berne yn Frjentsjer en emigrearre nei de Feriene Steaten, dêr't er troude mei de Wilhelmina Lageweg, dy't fan Nederlânsk komôf wie. William en Kate krigen gjin bern en lieten in grut jildbedrach nei.

De Hofstra's har went wie ferneamd ûnder de namme The Netherlands en is no in part fan it universiteitskompleks. Ek it biedwurd fan de universiteit, Je maintiendray (it motto fan Willem fan Oranje, Ik sil hanthavenje) bringt de Nederlânske nammejouwer te binnen. It wapen hat twa liuwen sûnt de jierren 40; yn 't earstoan wienen it twa mantsjes, mar sûnt 1987 in mantsje en in wyfke, dy't ynformeel 'Kate' en 'Willy' neamd wurde. De universiteitskleuren binne goud en blau, de flagge is goud/wyt/blau.

Hofstra University hie lang de bynamme The Flying Dutchmen (of Dutchmen of allinne Dutch). De offisjele teamnamme fan alle sportteams is sûnt 2005 The Pride ("grutskens").

De skoalle sette útein as in part fan de New York University en waard ûnôfhinklik yn 1937 ûnder de namme Hofstra College. Yn 1963 feroare sy har namme yn Hofstra University.

Hofstra University hie yn 2008 benei 13.000 studinten.

Rektors bewurkje seksje

  • Truesdel Peck Calkins (1937-1942)
  • Howard S. Brower (1942-1944)
  • John Cranford Adams (1944-1964)
  • Clifford Lee Lord (1964-1972)
  • James H. Marshall (1972-1973)
  • Robert L. Payton (1973-1976)
  • James M. Shuart (1976-2001)
  • Stuart Rabinowitz (2001-no)

Ferneamde âld-studinten bewurkje seksje

Sûnt 1935 binne sa'n 100.000 studinten op Hofstra ôfstudearreafgestudeerd. In kar:

Earedoktoraat (karút) bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje