Haadmenu iepenje
Ferskate soarten holdeksels.

In holdeksel of kopdeksel is de oantsjutting foar lykfol hokker stik klean dat op 'e holle droegen wurdt.

DoelenBewurkje

Holdeksels tsjinje in ferskaat oan doelen:

  • beskerming
    • tsjin kjeld;
    • tsjin hjittens;
    • tsjin sinnebrân;
    • tsjin rein en oare foarmen fan delslach;
    • tsjin fallende objekten (bgl. by bouprojekten);
    • tsjin botsings;
  • om jins hier kibich te hâlden;
  • ta fersiering of foar de moade;
  • foar sedigens of ta maatskiplike tradysjes;
  • foar religieuze doelen;
  • foar medyske doelen;
  • as teken in funksje of as ûnderdiel fan in unifoarm.

Soarten holdekselsBewurkje

Oer it algemien kinne holdeksels yn sân kategoryen yndield wurde:

  • fearretoaien: holdeksels makke fan fûgelfearren;
  • helms: holdeksels fan in hurd materiaal, droegen ta beskerming;
  • huodden: stevige holdeksels mei in râne rûnom;
  • holdoeken: in doek dy't men om 'e holle hinne wuollet;
  • kroanen: metalen holdeksels, faak mei in gat yn 'e midden, droegen troch monargen;
  • mûtsen: sloppe holdeksels sûnder râne;
  • petten: sloppe of stevige holdeksels mei in râne fan foarren.

Soms wurde dêr noch twa kategoryen oan taheakke:

GalleryBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.