Homeopaty (Ald-Gryksk: ὅμοιος, homoios, lyksoartich en πάθος, pathos, lijen of sykte) is in alternative genêswize basearre op de ideeën fan Samuel Hahnemann (1755 – 1843). De homeopatyske behanneling bestiet yn it foarskriuwen fan homeopathica, ekstreme fertinnings fan stoffen dy't deselde symptomen as de te bestriden sykte oproppe soene.

Samuel Hahnemann yn 1841
Homeopatyske genêsmiddels

De homeopatyske lear wurdt net ûndersteund troch de wittenskip: it lyksoartichheidsbegjinsel is oer it generaal ferkeard en ekstreme fertinnning makket elk middel ûnwurksum. Homeopaten beroppe har lykwols op de teory dat by it potinsearjen de wurking fan de grûnstof op it oplosmiddel oergiet. Homeopaty wurdt dêrom ta de pseudowittenskippen rekkene. Effekten as gefolch fan in homeopatyske behanneling wurde wol oan it plasebo-effekt taskreaun.

In bekende homeopaat wie dokter J. Spoelstra fan Drachten en Jelle Veeman fan Ljouwert. Beide genêzers hienen de homeopaty mongen mei fanâlds yn Frylân sterk yn de belangstelling steande foarmen fan net-erkende genêskeunst en de faker beoefene natoergenêskeunst. It sûnder foech útoefenjen fan it fak is strafber. Yn 1974 waard Spoelstra wol skuldich achte, mar waard net straft, omdat er gjin wetten oertreden hie.

Dit artikel is in stobbe oer genêskunde‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: