Hotel Van Terwisga

Hotel Van Terwisga wie in earder hotel oan de Midstrjitte 91 op De Jouwer. It hotel stie neist it âlde postkantoar út 1904.

Hotel Van Terwisga. Rjochts it eardere postkantoar.

De foargonger fan it hotel wie it 'Zeverijnshûs' fan Sies Jacobs van der Zee. Yn 1808 organisearre Lammert Gerrits Zeverein, de kastlein fan it "Zeverijnshûs" al in draverij foar hynders, mei as priis in sulveren swipe en in pear gouden spoaren. Op 18 jannewaris 1864 ferkocht hy 'Het zeer beklante, welgelegene en van ouds gerenommeerde Logement Het Zeverijnshuis'.

Trije generaasjes Van Terwisga bewurkje seksje

It Zeverijnshûs hûs waard troch notaris Wybren Arend Evertsz fan Aldeboarn ferkocht foar f 11.200,- oan Gozen van Terwisga. It hotel soe dêrnei langer as in iuw in Van Terwisga as gasthear ha foar passanten en foar it Jouster ferieningslibben. Sa spile bygelyks de Fryske Krite De Jouwer hjir de jierlikse útfierings foar de leden. Gozen van Terwisga wie in keapman, nôt- en pelmoolner út Terbant. Hy wenne yn it hotel as kastlein mei syn frou en njoggen bern.

Doe't hy op 1 oktober 1872 ferstoar naam syn soan Robert (Bertus) Adrianus (1902-1922) it bedriuw oer. Bertus wie troud mei Fokje Boonstra en begûn mei in slachterij efter it hotel.

Nei syn ferstjerren, op 18 september 1922, moasten syn beide soannen in kar meitsje. Anne van Terwisga soe mei syn frou Johanna Romkema it hotel beheare en syn broer Gozen waard boer.[1] Anne van Terwisga ferstoar op 27 desimber 1971, syn soan Robert Adreanus Eduard (Rob) wie doe al gasthear yn it âlde Zeverijnhûs, dat yn 1964 in iuw eigendom wie fan trije generaasjes Van Terwisga. Rob bleau oant 1986 yn it hotel dat yn 1986 sloopt waard foar de bou fan in winkel fan Albert Heijn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. P.R. van der Zee - Kent u ze nog... de Jousters ISBN 978-90-288-4289-2