Houtwâl

(Trochferwiisd fan Houtwâlen)

In houtwâl of in beamwâl is in lege ierden wâl dy't de ôfskieding foarmet tusken ferskillende greiden, ikkers of tusken sok lân en wegen. Houtwâlen binne begroeid mei strewelleguod en oare ûndergroei en faak ek mei beammen, en komme in soad foar yn it easten en suden fan Fryslân. Se wiene, alteast oarspronklik, bedoeld as ôffreding en foar it beskutten en kearen fan fee en wyld.

Houtwâl ûnder Twizel

Houtwâlen lizze benammen op hegere grûnen as by Twizelerheide, Eastermar, Easterwâlde, Aldeberkeap en Boyl. Se bestean benammen út iik, mar ek bjirken lysterbei, bytiden hagedoarn, krikel, hazzenút en hulst. De legere grûnen yn De Wâlden lizze faak mids elzesingels, meast yn de houtwâlen. Wylst de typyske houtwâlen oanlein binne, binne dizzen natoerlik ûntstien. Yn de streek tusken Bûtenpost en Drachten en yn stikken fan Dantumadiel wurdt it karakter fan it lânskip benammen troch elzesingels bepaald. Houtwâlen en elzesingels wurde meast foar kaphout brûkt. De bêste stamkes wurde bytiden sparre om út te groeien ta opgeande beammen. It hout waard faak as brân- en geriifhout brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: