De huningfalken, wapsebiters of wapsegleeën (Perninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje telt 6-8 skaaien en 14-18 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde.

Huningfalken
Easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus)
Easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: huningfalken (Perninae)

De wapsebiters binne middelgrutte rôffûgels mei brede wjukken, dy’t meast yn de waarme streken fan de Wrald libje. De (Jeropeeske) huningfalk en de Easterske huningfalk bewenje ek gebieten mei in tuskenbeiden klimaat. Se ite ynsekten, in folle gefallen wapsen, brimsen, bijen, en soms ek huningskiven en reptilen.

Taksonomy bewurkje seksje

De omfieming fan de ûnderfamylje fan de huningfalken is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen hearre de skaaien Lophictinia en Hamirostra ta de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae). Oare saakkundigen rekkene de huningfalken ta ien fan de ûnderfamyljes (Gypaetinae) fan de gieren fan de Alde Wrâld.

Keppelings om utens bewurkje seksje