Hunspell
Hunspell | |
---|---|
| |
Untwikkelder | László Németh |
Meast resinte ferzje | 1.3.3/ 2 juny 2014 |
Platfoarm | Multyplatfoarm |
Kategory | Staveringshifker |
Lisinsje | GPL, LGPL, MPL |
Webstee | (in) hunspell.sourceforge.net |
Hunspell is in staveringshifker dy't oarspronklik foar it Hongaarsk skreaun is. It is in trochûntwikkeling fan de Myspell-staveringshifker, en hat Myspell úteinlik ferfongen. De wurdlisten dy't dit systeem brûkt, ek wol wurdboeken neamd, wurde faak noch oantsjut mei 'Myspell', mar wurkje ek yn Hunspell. Bekende programma's dy't it Hunspell-systeem tapasse, binne b.g. Firefox en LibreOffice.
Hunspell as programma hoecht gewoanlik net los ynstallearre te wurden, om't dat automatysk dien wurdt troch it haadprogramma. De wurdlisten moatte wol sels tafoege wurde, en binne fia oare kanalen op it ynternet te krijen.
Fryske wurdlisten
bewurkje seksjeHunspell kin foar Fryske tekst brûkt wurde, wannear't de Fryske wurdlisten tafoege binne. Op dit stuit binne fjouwer ferskillende útjeften beskikber:
- Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje ûnder de GPL-lisinsje, mar dizze wurdlist is net sa grut, en is al jierren net mear bywurke. Dizze hat wol in wurkjend Frysk affix-triem.
- It Frysk Mozilla-team hat folle gruttere wurdlisten wêr koarter lyn oan wurke is. Dizze wurde ferspraat ûnder de LGPL-lisinsje. Dizze útjefte befettet de nije stavering noch net.
- Der wie koart in ekstinsje foar OpenOffice/LibreOffice/NeoOffice mei de staveringswiziging fan 2015. De wurdlisten wiene in trochûntwikkeling fan 'e Mozilla-ferzje, ûnder de namme 'Western Frisian spelling dictionaries'.
- De Fryske Akademy hat yn 2016 in staveringshifker ûtbrocht foar LibreOffice en OpenOffice ûnder de GPL 3-lisinsje. Dy hat in wurkjend Frysk affix-triem, en de nije stavering fan 2015.
De wurdlisten fan OpenOffice of Mozilla kinne ek yn oare programma's dy't it Hunspell-systeem brûke tafoege wurde. Om wurdlisten hânmjittich op systeem-, brûkers- of programmanivo ta te foegjen, moat ien triempear mei de .aff- en .dic-ekstinsje nei de dêrfoar bestimde map ferpleatst wurde. Dizze twa triemmen kinne b.g. út de Firefox-tafoeging 'Frysk Wurdboek' wei helle wurde (triem hat de .xpi-ekstinsje, mar is in ZIP-triem). Of út de OpenOffice-ekstinsje 'Frisian Spellcheck' (triem hat de .oxt-ekstinsje, mar is ek in ZIP-triem). It lêste jildt ek foar de LibreOffice-ekstinsje, dy't ek in ôfbrekkingswurdlist ('hyphenator') befettet. De standertlokaasje foar wurdlisten op POSIX-systemen (OS X, Linux, BSD ensfh.) is /usr/share/{my,hun}spell{,/dicts}.