Hunterwali
Hunterwali is in Hindytalige Britsk-Yndyske superheldefilm út 1935 ûnder rezjy fan Homi Wadia, mei yn 'e titelrol de aktrise Fearless Nadia. De titel kin oerset wurde as "In Frou mei in Swipe" of "Dame mei de Swipe". It ferhaal giet oer in Yndyske prinsesse dy't ûnrjocht bestriidt yn har alter ego fan 'e maskere superheldinne Hunterwali. De film, dy't foar dy tiid tige djoer wie om te meitsjen, waard in trochslaand súkses. Hunterwali betsjutte de trochbraak as aktrise fan Fearless Nadia, dy't yn 'e film al har eigen stunts die. De film makke ek de reputaasje fan 'e filmstudio Wadia Movietone en regisseur en produsint Homi Wadia.
Hunterwali | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Homi Wadia | |
produsint | Homi Wadia | |
senario | Homi Wadia | |
kamerarezjy | Balwant Dave | |
muzyk | Master Mohammed | |
filmstudio | Wadia Movietone | |
distribúsje | Wadie Movietone | |
spilers | ||
haadrollen | Fearless Nadia | |
byrollen | Boman Shroff Jaidev Sharifa Master Mohammed | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Britsk-Ynje | |
premiêre | 1935 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superhelde-aksjefilm | |
taal | Hindy | |
spyltiid | 164 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ₹80.000 | |
opbringst | ûnbekend |
Plot
bewurkje seksjeIt ferhaal begjint op in stoarmige jûn, mei in prolooch dy't útleit dat Krishnavati en har nij berne soan út harren hûs set wurde troch de fizier Ranamal, dy't earder ek al de broer fan Krishnavati fermoardzje litten hat.
Tweintich jier letter, as Jaswant, de soan fan Krishnavati, folwoeksen is, wurdt er by in ferkearsûngemak oanriden troch de auto fan 'e keninklike famylje. Prinsesse Madhuri biedt him by wize fan skeafergoeding goud oan, mar de hoaske Jaswant slacht dat ôf, om't de oanriding net opset mar in ûngemak wie. De prinsesse fielt har ta him oanlutsen, mar fizier Ranamal hat syn sinnen op har set. Hy freget har heit, de kening, om mei har trouwe te meien. As de kening dat útstel fan 'e hân wiist, lit Ranamal him finzen sitte en nimt er de macht oer.
Prinsesse Madhuri nimt dêrop it alter ego oan fan 'e yn koarte broek klaaide Hunterwali, in maskere figilante, dy't de earmen beskermet en de kweadoggers bestraft. Se is foar nimmen bang en hellet sterke staaltsjes út troch bygelyks oer in ridend rydtúch te springen, of tweintich soldaten út te skeakeljen mei ien slach fan har swipe.
Hunterwali sparret ek Jaswant net, mei't se syn kostberste en leafste besit stelt, syn hynder Pûndjaab, al jout se dat úteinlik oan him werom. Jaswant nimt wraak as er Madhuri oantreft wylst se neaken oan it baaien is yn 'e rivier. Hy nimt har finzen en leveret har út oan Ranamal foar de preemje dy't har op 'e holle set is. Se wit lykwols te ûntsnappen en úteinlik beslute Hunterwali en Jaswant gear te wurkjen om Ranamal te ferslaan.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
prinsesse Madhuri / Hunterwali | Fearless Nadia |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jaswant | Boman Shroff |
Cunnoo, de assistint fan Hunterwali | Jaidev |
Krishnavati, de mem fan Jaswant | Sharifa |
de kening | Master Mohammed |
Ranamal | John Cawas |
Produksje
bewurkje seksjeHunterwali waard regissearre troch Homi Wadia nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy wie ek de produsint, foar de filmstudio Wadia Movietone. Dat wie in bedriuw dat er tegearre mei syn broer J.B.H. Wadia oprjochte hie en dat doedestiden benammen aksjefilms mei in protte stunts en fantasyfilms basearre op mytologyske boarnen produsearre. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Balwant Dave, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Master Mohammed, dy't sels ek in rol yn 'e film hie. Oan 'e soundtrack wiene in soad bhajans (lieten) fan Govind Gopal tafoege.
De haadrol waard fertolke troch Fearless Nadia as de tsjeppe blanke blau-eagige heldinne Hunterwali, dy't ûnrjocht bestriidt ferklaaid as man. Har wiere namme wie Mary Evans; hja wie berne yn Austraalje, mar grutbrocht yn Britsk-Ynje. Hunterwali wie har trêde film, nei Desh Deepak en Noor-e-Yaman. Hja betocht foar harsels de artystenamme Fearless Nadia en soe letter trouwe mei Homi Wadia (en sadwaande Nadia Wadia wurde). Dêrta ynspirearre troch de filmsearje The Perils of Pauline die Nadia yn Hunterwali sels al har eigen stunts.
De titel fan 'e film wie noch hiel wat oer te dwaan. "Hunterwali" is nammentlik in gearstalling fan twa wurden, hunter en wali. Hunter is in lienwurd út it Ingelsk (fan hunter, dat "jager" betsjut), mei yn it Hindy de betsjutting fan "swipe". Wali is in Hindy-wurd dat "frou" of "frouwe" of "dame" betsjut. Troch de beide wurden oaninoar te heakjen ûntstie in hiel nij wurd, in neologisme dêr't taalkundigen it doedestiden net mei iens wiene, mei't se it seagen as in "korrupte hybride", dy't sawol it Hindy as it Ingelsk geweld oandie.
Hunterwali wie in Hindytalige film mei in spyldoer fan mar leafst 164 minuten, dy't foar dy tiid in fortún koste hie om te meitsjen: 80.000 rûpy. It hiele produksjeproses, preproduksje, opnamen en postproduksje ynbegrepen, hie in healjier yn beslach nommen. Om't it projekt ûnderwilens min yn 'e publisiteit kommen wie troch de blanke froulike heldinne dy't yn 'e film dingen die dy't fatsoenlike froulju net hearden te dwaan (lykas manlju yninoar slaan, en omspringe yn in strak sittende koarte broek dy't har bleate boppeskonken sjen liet), hie Wadia problemen om ôfnimmers te finen. Ynstee fan op te jaan, besleat er alle finansjele middels yn te setten dat hy en syn broer hiene, en begûn er in reuseftige marketingkampanje. Doe't de film úteinlik yn 'e Super Cinema yn Bombay yn premiêre gie, kaam der sadwaande in grutte kliber folk op om him te sjen.
Resultaat
bewurkje seksjeNei de premiêre ûntjoech Hunterwali him ta in ûnbidich kommersjeel súkses. Hy draaide 25 wiken efterinoar yn 'e bioskopen en wie de meast opbringende Britsk-Yndyske film fan 1935. De film betsjutte de trochbraak fan Fearless Nadia as aktrise, nettsjinsteande it feit dat se yn 'e film hjir en dêr in flaterke makke by de útspraak fan har Hindytalige dialooch. Fral har stunts by it hynsteriden, mei hynder-en-wein en op it dak fan in trein foelen der by it publyk wakker yn. Har gjalp "Hee-i-i" ûntwikkele him yn Yndia ta in wier biedwurd. Guon sênes út 'e film waarden ikoanysk foar de filmyndustry fan Bollywood, lykas dy wêryn't Nadia oankundige "ājse main Hunterwali hūn" ("fan hjoed ôf bin ik de frou mei de swipe"), dêr't troch it bioskooppublyk mei jûchhei op reägearre waard. In oare ferneamde sêne is dy wêryn't Hunterwali midden ûnder in efterfolging in folwoeksen man boppe har holle tilt wylst har assistinten om har hinne pirûetten útfiere.
Fearless Nadia ûntjoech har neitiid ta in legindarysk figuer yn 'e Yndiaaske filmyndustry, nettsjinsteande it feit dat se nea aksintleas Hindy learde te sprekken. Se waard sjoen as in feministysk ikoan dat troch it glêzen plafon hinne brutsen wie en froulju de mooglikheid jûn hie om filmstjer te wurden. De folgjende tweintich jier wie se de meast fertsjinjende aktrise yn Bollywood. Har personaazje Hunterwali waard yn 2013 by in opinypeiling ûnder it Yndiaaske bioskooppublyk troch CNN-IBN útornearre as "it favorite Bollywood-personaazje" yn hûndert jier Yndiaaske filmkeunst. De foarleafde fan 'e Ynjers foar Hunterwali waard yn 'e 1930-er jierren en letter eksploitearre troch slûchslimme sakelju, dy't de namme fan it personaazje ferbûnen oan produkten lykas swipen, rimen, kaartspullen, tassen, lusifersdoaskes, skuon, klean en gean sa mar troch. Homi Wadia hie der letter spyt fan dat er gjin auteursrjocht op 'e namme 'Hunterwali' fêstlizze litten hie.
Erfskip
bewurkje seksjeFilmprodusinten begûnen neitiid ek it wurd -wali as suffiks te brûken yn oare filmtitels, lykas Cyclewali, Chabukwali en Motorwali. Wadia sels makke fan 'e raazje om Hunterwali hinne gebrûk troch yn 1943 in ferfolchfilm út te bringen, Hunterwali ki Beti ("De Dochter fan Hunterwali"), op 'e nij mei Fearless Nadia yn 'e titelrol. Krekt as Hunterwali sels waard ek dy film in trochslaand súkses.
Yn 1993 makke Riyad Vinci Wadi, de âldomke- en -muoikesizzer fan Fearless Nadia en Homi Wadia, de dokumintêre Fearless: The Hunterwali Story oer it libben fan 'e aktrise. Yn april 2013 waard by de festiviteiten yn Delhi, om it hûndertjierrich bestean fan 'e Yndiaaske filmyndustry hinne, in fertoaning organisearre fan Hunterwali en de stomme-filmklassiker út 1931 Diler Jiger ("Hoaske Herten"). Regisseur Vishal Bharadwaj makke yn 2017 de biografyske film Rangoon oer it libben fan Fearless Nadia, mei aktrise Kangana Ranaut yn 'e haadrol.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.
|