Huygens Ynstitút

It Huygens Institút is in wittenskaplik ûndersyksynstitút fan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen en hâld him dwaande mei literatuerskiednis, wittenskipsskiednis en tekstedysje.

Foyer fan it Huygens Institút

It ynstitút waard oprjochte yn 1992 en hâldt kantoar yn it gebou fan de Keninklike bibleteek in Den Haach. It is ferneame nei de dichter Constantijn Huygens en syn soan, de wittenskipper Christiaan Huygens.

It Huygens Ynstitút richt him foaral op in wittenskiplik publyk, mar hat ek ta doel om de algemiene ynteresse foar it Nederlânske literaire en yntellektuele erfgoed libbend ta hâlden. Dêrby wurd yn tanimmende mate gebrûk makke fan digitale ûntslútingsmetoaden.

It ynstitút verient mear as tritich ûndersikers fan ferskate eftergrûnen, sa as latinisten, neerlandici, wittenskipsskiedkundigen en editeurs, faak yn gearwurking mei universiteiten.

Keppeling om utens bewurkje seksje