Ierdgasfjild fan Slochteren

De ierdgasbel of it ierdgasfjild fan Slochteren is in ûnbidich grutte hoemannichte ierdgas ûnder mids-Grinslân, om it plak Slochteren hinne dat fan de NAM eksploitearre wurdt. It Grinzerfjild beslacht sa'n 900 km2; it leit op in djipte fan 3.000 meter en de dikte fan de gashâldende laach is likernôch 100 meter[1].

Dit artikel is in stobbe oer geology‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Ierdgasfjilden yn Nederlân, útsein de measten op see
Bioskoopsjoernaal oer de oprjochting yn 1963 fan de Nederlânske Gasuny

Grûnfersakking bewurkje seksje

De winning gan it gas hat fan gefolgen dat de grûn fersakket en de regio oanhelle is mei lichte ierdskoddings. Dat hat laat ta skea oan fûneminten en gebouwen en in hegere wetterstân makket soms nije slûzen en diken nedich. De ierdskoddings binne yn de rin fan de jierren sterker wurden en sûnt 2012 binne der ferskate skoddings fan 3.0 op de skaal fan Richter metten. [2] De NAM, dy't it ierdgas wint, fergoedet sokke skea yn prinsipe fia de Commissie Bodemdaling.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. brosjuere: Gasveld Groningen
  2. Stichting verzet zich met succes tegen gevolgen bodemdaling in Groninger Reitdiepgebied door aardgaswinning; 'Toscane van Nederland' blijft sluisgemaal bespaard, Wio Joustra, Folkskrante, 12 augustus 1997.
  3. Commissie Bodemdaling.