In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale

film út 2007 fan Uwe Boll

In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale, ek wol koarwei In the Name of the King neamd, is in Dútsk-Amerikaansk-Kanadeeske fantasyfilm út 2007 ûnder rezjy fan Uwe Boll. De haadrollen waarden fertolke troch Jason Statham en Burt Reynolds, en foar de byrollen wie in stjerrecast beskikber, mei û.o. Ron Perlman, Claire Forlani, Ray Liotta, Leelee Sobieski, John Rhys-Davies en Kristanna Loken. De titel betsjut "Yn 'e Namme fan 'e Kening". De ûndertitel ferwiist nei de fideospultsjesearje Dungeon Siege (letterlik: "Tsjerkerbelis"), dêr't de film op basearre is. It ferhaal folget Boer, in boer dy't behelle rekket yn in oarloch tsjin 'e meunsterlike krugs wannear't syn soan fermoarde en syn frou ûntfierd wurdt. Underwilens hat kening Konreid hiel wat te stellen mei syn liddichgonger fan in omkesizzer Fallow, dy't by de ynvaazje fan 'e Krugs belutsen is. In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale krige fan 'e filmkritisy oerweldigjend negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.

In the Name of the King:
A Dungeon Siege Tale
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Uwe Boll
produsint Uwe Boll
Dan Clarke
Shawn Williamson
Wolfgang Herold
senario Doug Taylor
basearre op Dungeon Siege fan
    Gas Powered Games
kamerarezjy Mathias Neumann
muzyk Jessica de Rooij
Henning Lohner
filmstudio Boll KG
Herold Productions
Brightlight Pictures
distribúsje 20th Century Fox (Dútslân)
Freestyle Releasing (Noard-Am.)
spilers
haadrollen Jason Statham
Burt Reynolds
byrollen Ron Perlman
Claire Forlani
Matthew Lillard
Ray Liotta
Leelee Sobieski
John Rhys-Davies
Kristanna Loken
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
Feriene Steaten
Kanada
premiêre 29 novimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 127 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $10,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Dungeon Siege
● folgjend diel In the Name of the King 2:
   Two Worlds

Plot bewurkje seksje

Yn it keninkryk Ehb libbet in man yn it doarp Stienbrêge in lokkich bestean mei syn frou Solana en harren jonge soan Zeph. Mei't er leaut dat men is wat men docht, stiet er inkeld bekend as 'Boer'. Op in dei wurdt it doarp oanfallen troch meunsterlike wêzens dy't krugs hjitte. Dy hawwe altyd bekend stien om harren primitivens, mei't har yntelliginsje mar kwealk boppe dy fan bisten útkomt. Mar no hawwe se wapenrissen makke en oandien en harsels bewapene, en fjochtsje se mei organisaasje en fûleindigens. De minsken besauwe har dêroer, mar it komt allegear troch de magyske ynfloed fan 'e boaze tsjoender Gallian. Dyselde wie ea in tsjinner fan 'e kening, mar is sadistysk en megalomaan wurden. Hy hat himsels ta master fan 'e krugs makke om Ehb te feroverjen, sadat er it keninkryk sels regearje kin.

Gallian is by de oanfal op Stienbrêge oanwêzich fia in mentale bân mei de oanfierders fan 'e krugs. Boer, syn freon en âlde mentor Norick en syn sweager Bastian witte de krugs werom te slaan, mar net foar't Solana en ferskate oaren as finzenen fuortfierd binne. Yn it gefjocht besiket Gallian Boer fia in krug te befreegjen en seit net by steat te wêzen om yn syn tinzen te sjen, wat er by alle oare minsken wol kin. As Gallian foar it ferstân kriget dat it Boer is dy't troch syn natuerlik liederskip en syn fûleindigens op it slachfjild de krugs tsjinkeart, nimt er wraak troch de jonge Zeph en syn pake en beppe, de âlden fan Solana en Bastian, te fermoardzjen.

Nei't de striid al lang en breed foarby is, arrivearret kening Konreid fan Ehb mei Tarish, de kommandant fan syn paleiswacht en in ôfdieling soldaten yn Stienbrêge om 'e skea yn eagenskou te nimmen en manlju foar syn leger te rekrutearjen. By harren is ek Merick, de hoftsjoender fan 'e kening, dy't Norick opmerkt en beseft dat er de man earne fan ken. As er heart dat Boer dejinge is dy't yn hege mjitte ferantwurdlik is foar it ôfslaan fan 'e oanfal, besiket er dy syn wiere identiteit út te finen. Boer stekt ûnderwilens syn minachting foar in kening dy't syn eigen folk net beskermje kin net ûnder stuollen of banken. Hy, Norick en Bastian sette ôf op in kweeste om Solana te sykjen en befrijen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it keninklik kastiel fan Ehb slacht by ôfwêzigens fan 'e kening syn omkesizzer, hartoch Fallow, foar master op. Fallow is in folsleine liddichgonger, dy't neat om it folk of wa dan ek jout, útsein himsels. Hy hat syn sinnen op 'e troan set. Kening Konreid rekket op jierren en hat gjin bern, dat alles wat er hoecht te dwaan is rêstich ôfwachtsje. Mar dat duorret Fallow te lang. Hy wol sa gau mooglik kening wurde en hat dêrta in ferbûn mei Gallian sletten en tegearre mei de boaze tsjoender de ynvaazje fan 'e krugs optocht. It giet him lykwols noch net fluggernôch, dat op it fersyk fan Fallow om 'e kening út 'e wei te romjen, fergiftiget Gallian it keninklik miel. Hoftsjoender Merick wit kening Konreid te genêzen, mar it gif hat de kening syn libben danich bekoarte. Fallow, dy't fan 'e fergiftiging fertocht wurdt, pykt út mei it legioen fan generaal Backler, dy't er bedraacht troch te sizzen dat de kening fermoarde is en dat hysels no regearret.

In oar lid fan 'e hofhâlding fan kening Konreid is frouwe Muriella, de dochter fan Merick, dy't wol wollen hie dat se as man berne wie. Se is oefene yn skermjen en fjochtsjen, mar it is har net tastien om soks ea yn 'e praktyk te bringen, noch kin se har heit opfolgje as hoftsjoender. Muriella is fereale rekke op Gallian, dy't har in klandestine oplieding yn it gebrûk fan magy jûn hat. Mar wannear't se foar it ferstân kriget hoe kwea oft er wurden is en dat er har inkeld traind hat om har macht ôftaapje te kinnen, beëiniget se harren romantyske relaasje. Muriella bychtet neitiid alles op oan har heit Merick, dy't ornearret dat har leafde foar Gallian it lykwicht fan 'e magyske krêften yn it foardiel fan Gallian ferskood hat.

Underwilens beslút Boer in flink stik fan 'e reis fan him en syn beide selskipslju ôf te snijen troch in paad troch it Siggewykwâld te sykjen. Norick en Bastian binne dêr huverich foar, mei't der nuvere ferhalen oer dat wâld geane, mar hy set troch. De ferhalen blike op wierheid te berêsten as de trije mannen finzen nommen wurde troch in kloft bosknimfen dy't gjin kontakt mei de bûtenwrâld begeare en it wâld as harres beskôgje. Nei't harren liedster, Elora, harsels derfan oertsjûge hat dat Boer, Norick en Bastian gjin bedriging foar har foarmje, beslút se it trio fia de fluchste wei út it wâld te lieden. Se jout harren it boadskip mei om net werom te kommen.

Oarekant it wâld stjitte se op in karafaan fan 'e krugs, dy't in grut tal finzenen weromfiere nei Cristwind Hold, it kastiel fan Gallian, om dêr as slaven brûkt te wurden. As Boer-en-dy besykje Solana te befrijen, wurde Norick en Bastian sels finzen nommen. Boer wurdt bewusteleas slein. as er wer by besleur komt, ûntdekt er dat Gallian him, fia in krug mei wa't er in mentale bân ûnderhâldt, op in ôfhandich plak oan in beam ophongen hat. Boer deadet de krug lykwols mei syn skonken en wit himsels mei it wapen fan 'e krug los te snijen fan 'e beam, sadat er net smoart. Ienris op 'e grûn fallen, sakket er lykwols wer wei yn bewusteleazens. It is de hoftsjoender Merick dy't him sa weromfynt en fersoarget oant er wer bykomt.

Underwilens riidt kening Konreid út mei syn leger om ôf te weven mei Fallow. Dyselde besiket de troepen fan generaal Backler tsjin 'e kening yn te setten, mar sadree't Backler foar it ferstân kriget dat er bedragen is en dat de kening noch libbet, litte hy en syn legioen Fallow yn 'e steek en jouwe se har by kening Konreid. Fallow, dy't efterbliuwt mei inkeld syn persoanlike liifwachten, moat de wyk nimme.

Merick nimt Boer mei nei it kamp fan kening Konreid. Dêr makket er bekend dat Boer eins de ferlerne soan fan 'e kening is, dy't Camden Konreid hjit. Hy fertelt dat Boer as lyts jonkje oanwêzich wie by de Slach yn 'e Oksleiepas, dêr't it leger fan Ehb in nederlaach litte. De lytse prins waard rêden troch Norick, in stâlfeint, dy't net wist wa't er wie en him mei werom naam nei syn âlde wenplak Stienbêge, dêr't er him sels grutbrocht. Neffens Merick wie dy gong fan saken eins in seine, want oan it keninklik hôf hie Boer wierskynlik nea folwoeksenens berikt fanwegen alle oarloggen en moardsuchtige yntriizjes fan hôvelingen. Kening Konreid en Boer fine allebeide it ferhaal fan Merick tige ûnoannimlik.

Koarte tiid letter fynt tusken de beammen fan it Siggewykwâld in earste fjildslach plak tusken it leger fan kening Konreid en de krugs. Boer fjochtet oan 'e kant fan 'e soldaten fan 'e kening en wint mei syn moed en krigelens op it slachfjild it respekt fan kommandant Tarish en generaal Backler. Mei troch syn ynset wurdt it leger fan Ehb de krugs oermânsk, sadat Gallian syn troepen yn argewaasje weromlûke moat. Hartoch Fallow, dy't him ûnderwilens by de krugs jûn hat, wit lykwols op 'e ein fan 'e slach kening Konreid mei in pylk deadlik te ferwûnjen. Nei de slach lit Konreid Boer by him komme yn syn tinte en befreget him fan syn stjerbêd ôf oer wat er noch wit fan syn iere jonkheid. Se ûntdekke dat Merick gelyk hie en dat Boer yndie de weirekke prins is. Mei syn lêste siken ferklearret de kening dat Boer syn soan en erfgenamt is, wêrnei't er stjert.

Underwilens is Fallow it legerkamp fan Ehb binnenkrongen yn 'e oertsjûging dat hy nei de dea fan Konreid de iennichste is dy't oanspraak op 'e troan meitsje kin. Tarish daget him út ta in duël en wint, mar doar Fallow net te deazjen. By it nijs dat kening Konreid dea is, ferklearret Fallow himsels ta kening, mar dan ferskynt Merick, dy't útbringt dat Boer de wiere kening fan Ehb is. Fallow wurdt finzen nommen, mar ûntsnapt mei syn liifwachten it Siggewykwâld yn. Hy is fan doel om it keninklik kastiel yn te nimmen foar't it nijs fan 'e foarfallen yn it legerkamp dêr bekend wurdt. Frouwe Muriella set op eigen manneboet de efterfolging yn. Midden yn it wâld rint hja yn in mûklaach fan Fallow-en-dy, mar de bosknimfen komme har te help en weve ôf mei Fallow syn mannen. De hartoch sels besiket op 'e nij út te piken, mar Elora leveret him mei lianen bûn oan Muriella oer.

Fallow wurdt as finzene weromfierd nei it legerkamp, dêr't Muriella tastimming freget oan Boer, dy't no rûnom as de nije kening erkend wurdt, om mei te fjochtsjen yn 'e striid tsjin 'e krugs. Boer, dy't net folle op hat mei de gedrachskoade fan 'e adel, sjocht net yn wêrom't in frou net likegoed fjochtsje meie soe as in man en williget har fersyk yn. Elora en har nimfen biede oan om ek mei te fjochtsjen, mei't se ta it besef kommen binne dat se nea wer rêst hawwe sille as Gallian de oarloch wint.

Nei harren oankomst yn Cristwind Hold, dêr't Gallian residearret, besykje Norick en Bastian los te brekken. By it dêropfolgjende gefjocht wurdt Norick deade en Bastian op 'e nij finzen nommen. Solana wurdt by Gallian brocht, dy't har bân mei Boer gewaarwurden is en har fertelt dat se swier is fan Boer syn twadde bern. Mei Merick, frouwe Muriella en Elora set Boer ôf op in misje om Cristwind Hold te ynfiltrearjen en Solana te rêden. It leger fan Ehb bliuwt efter ûnder lieding fan Tarish en Backler, dy't de fierdere opmars fan 'e krugs tsjinkeare moatte. Merick brûkt magy om it haadkertier fan Gallian yn te gean, wêrnei't er him earst mei praten ta rede besiket te bringen, en him dan mei tsjoenderij te liif giet. Dat is lykwols allegear in ôfliedingsmaneuver, sadat Elora Boer en Muriella helpe kin om op mear fysike wize Cristwind Hold binnen te kringen.

Gallian wurdt Merick oermânsk en bringt him in fatale ferwûning ta. Muriella fynt har heit stjerrend werom. Merick fertelt har dat er in dwaas west hat om net yn te sjen dat sy syn erfgenamt as hoftsjoender is, inkeld en allinne om't se in famke wie, en bejeftiget har mei alle magy dy't er noch oer hat. Underwilens kringt Boer troch yn Gallian syn bibleteek, dêr't er Solana weromfynt by Gallian. De beide mannen befjochtsje inoar mei it swurd, mar as bliken docht dat Gallian Boer op dy wize net oan kin, brûkt er magy om mei syn tsjinstanner ôf te weven. Muriella arrivearret om Boer te helpen, mar Gallian ferslacht har en se rekket bewusteleas. Underwilens ferjit Gallian lykwols dat Solana ek oanwêzich is, en as er risselwearret om Boer te deadzjen, stekt sy him yn 'e rêch. Boer komt dêrop fanwegen en snijt Gallian de kiel troch, dat er it bestjert.

Mei syn dea reitsje de krugs harren yntelliginsje kwyt en wurde it wer primitive meunsters dy't neat jouwe om wat oars as har eigen oerlibjen. De fjildslach mei it leger fan Ehb en de bosknimfen, werby't de krugs op it punt stiene om 'e oerwinning te beheljen, einiget sadwaande abrupt as de krugs ynienen ophâlde mei fjochtsjen en sjogge dat se fuortkomme. Dêrtroch bliuwt Tarish as de oerwinner efter, mei't generaal Backler sneuvele is. Yn 'e katakomben ûnder Cristwind Hold, dêr't Bastian ûnderwilens lieding joech oan in opstân fan 'e minsklike slaven, einiget de striid krekt like hommels. Yn 'e bibleteek wurde Boer en Solana einlings weriene. Mei Boer as kening is Ehb rêden fan 'e ûndergong.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Jason Statham.
 
Burt Reynolds.
 
Claire Forlani.
haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
Boer / Camden Konreid Jason Statham
kening Konreid fan Ehb Burt Reynolds


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Norick Ron Perlman
Solana Claire Forlani
hartoch Fallow Matthew Lillard
Gallian Ray Liotta
Muriella Leelee Sobieski
Merick John Rhys-Davies
Elora Kristanna Loken
kommandant Tarish fan 'e paleiswacht Brian J. White
Zeph Colin Ford
generaal Backler Mike Dopud
Bastian Will Sanderson
Talwyn Tania Saulnier
Delinda Gabrielle Rose
Trumaine Terence Kelly

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale waard regissearre troch Uwe Boll nei in senario fan Doug Taylor op basis fan 'e fideospultsjesearje Dungeon Siege fan Gas Powered Games. As produsinten wiene regisseur Boll sels, Dan Clarke, Shawn Williamson en Wolfgang Herold by it projekt belutsen foar de filmstudio's Boll KG, Herold Productions en Brightlight Pictures. In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale wie dêrmei in Dútsk-Amerikaansk-Kanadeeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mathias Neumann.

Filmmuzyk bewurkje seksje

De filmmuzyk foar In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale waard fersoarge troch Jessica de Rooij en Henning Lohner. De Dútske metalband Blind Guardian naam it haadtema fan 'e soundtrack op, in ynstrumintaal nûmer mei de titel Skalds and Shadows. De Britske metalband Threshold droech it liet Pilot in the Sky of Dreams by en de Sweedske metalband HammerFall it liet The Fire Burns Forever. Wolfgang Herald hie as útfierend soundtrackprodusint it tafersjoch oer de filmmuzyk as gehiel.

 
De filmset fan In the Name of the King yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale fûnen fierhinne plak by Sooke, op Vancouvereilân, yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Leden fan pleatslike Yndianestammen (dy't yn Kanada 'Earste Naasjes' neamd wurde) en oare lokale bewenners waarden by de produksje ynset as figuranten. Guon sênes waarden filme yn it Robert Burnaby Park yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver, op it fêstelân fan Britsk-Kolumbia.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale waard yn Dútslân fersoarge troch 20th Century Fox en yn Noard-Amearika troch Freestyle Releasing. De film waard op 11 april 2007 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Festival fan de Fantastyske Film fan Brussel. De film gie dêrnei op 29 novimber 2007 yn 'e Dútske bioskopen yn premiêre, en op 11 jannewaris 2008 yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten. In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale waard op 15 april 2008 útbrocht op dvd (de bioskoopferzje fan 127 minuten) en yn desimber 2008 op blu-ray (in extended cut fan 156 minuten).

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale oer it algemien strieminne resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in ekstreem leech goedkarringspersintaazje fan 4%, basearre op 52 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei foar it meastepart houterige aktearprestaasjes, bespotlike dialooch en sleauwe produksjewearden foldocht In the Name of the King oan alle ferwachtings fan in film ûnder rezjy fan Uwe Boll." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale in goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 11 resinsjes. Boll 'wûn' foar de film de Golden Raspberry Award foar minste regisseur.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $3,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $10,3  miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in ferlies fan $49,7 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte. In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale brocht bûten Noard-Amearika it measte op yn Dútslân ($2,5 miljoen), Ruslân ($1,4 miljoen) en Spanje ($1,2 miljoen). Fan 'e dvd en blu-ray waarden 813.147 eksimplaren ferkocht foar yn totaal $14,9 miljoen, sadat de opbringst dêrfan eins heger wie as fan fertoaning yn 'e bioskoop. Regisseur Uwe Boll kundige nei dizze teloarstellende resultaten oan dat In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale syn earste en lêste film mei in grut budget west hie.

Ferfolchfilms bewurkje seksje

Nettsjinsteande it feit dat In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale in flop wie, waarden der neitiid dochs twa ferfolchfilms fan makke, beide kearen mei in folslein oare cast. De ferfolgen wiene In the Name of the King 2: Two Worlds, út 2011, mei û.o. Dolph Lundgren, en In the Name of the King 3: The Last Mission, út 2014, mei û.o. Dominic Purcell. Beide ferfolchfilms waarden ek wer regissearre troch Uwe Boll.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.