Ineke Smienk (Utert, 13 juny 1956) is in byldzjend keunstner út Harmelen.

boerkakoppen

Se is autodidaktysk skilder en glêzenier. Tusken 1993-1995 wie se dwaande mei skilderjen, nei 1999 lei se har mear ta op glês-yn-lead en brânskilderjen.

Har wurken binne tige ferskaat: fan pinnetechniken oant pastel en fan kleurryk ympresjonistysk oant geometrysk abstrakt oant fjûsde skalen en brânskildere glês.

Ineke Smienk wurket mei ferskate searjes binnen in tema. De Boerkasearje bestiet begelyks út in searje glês-yn-lead panielen en farieare fan glêsobjekten oant túnobjekten. De fûgelsearje bestiet út tekene fûgels mei in eigen karakter.

Eksposysjes fan har wurk wienen yn galery La Lanka yn De Tynje, de glêsmanifestaasje yn Orvelte. Se wurket ek yn opdracht foar gemeentes en ynstellingen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: