Gryp

(Trochferwiisd fan Influenza)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Echte gryp of ynfluenza is in sykte dy't troch it ynfluenzafirus feroarsake wurdt. Dat firus ynfektearret de luchtwegen. In soad minsken sizze gryp te hawwen as se winterdeis of yn de hjerst troch in ferkâldheideftige sykte mei wat koarts troffen wurde, mar hjirby giet it om in gewoan ferkâldheidsfirus. Echte ynfluenza liedt by de measte minsken ta frijwat sykteferskynsels en in net te ferwaarleazgjen stjerte, benammen by de âlderein. Alle jierren krije sawat 820.000 Nederlanners gryp. By in trochsneed grypepidemy yn de winter geane yn Nederlân 250 oant 2.000 persoanen direkt oan de gryp of oan de gefolgen derfan dea[1][2]. Slachtoffers fallen benammen yn de risikogroepen: âlderen (sirka 90% fan de stjergefallen is 65 jier of âlder) en persoanen mei in groanyske oandwaning (bygelyks diabetes mellitus, hert- en longoandwaningen)[2].

Ynfluenza A, let stadium

Gryp kin samar opsetten komme. Kenmerkende symptomen fan gryp binne koarts, pineholle, hoastjen, pinekiel, spierpine, in ferstoppe noas, in algehiel gefoel fan swakte, minder sin oan iten en smaakferlies.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Ministearjes fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Folkssûnens, Wolwêzen en Sport d.d. april 2008 [1]
  2. 2,0 2,1 Lanlike Ynformasjestruktuer Ynfeksjesyktenbestriding
  3. Eccles R. Understanding the symptoms of the common cold and influenza. Lancet Infect Dis. 2005;5:718-25