Ioannis Teätertsjerke Wier

teatertsjerke yn Wier, Nederlân

Ioannis Teätertsjerke Wier is de eardere herfoarme tsjerke fan Wier. Wier is tsjintwurdich in ûntsjerklik doarp.[1] De tsjerke is lykwols mei de ynrjochting bewarre bleaun en docht hjoed-de-dei tsjinst as teätertsjerke. Ek kin de tsjerke foar rou- en troutsjinsten hierd wurde.[2] De namme Ionnis ferwiisd nei Jehannes de Doper, de patroanhillige dêr't de tsjerke ea oan wijd west hat.

Ioannis Teätertsjerke Wier
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Wier
adres Tsjerkepaed 24
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
offisjele webside
Ioannis Teätertsjerke

Skiednis bewurkje seksje

Oant de oanlis fan de Bildtdyk lei de tsjerke fan Wier noch oan de râne fan de eardere Middelsee. De oarsprong fan de tsjerke leit mooglik yn de bou fan in kapel foar Lautastate.

De al sûnt de Twadde Wrâldoarloch net mear foar de earetsjinst brûkte tsjerke waard yn de 12e iuw boud fan kleastermoppen. De midsiuwske sealtektoer waard yn 1881 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske toer neffens in ûntwerp fan Foppe Brouwer. Yn de toer hinget in tige âlde klok, dy't mooglik noch út de 13e iuw stamt. De súdlike muorre fan de tsjerke is yn 1786 op 'e nij ommantele mei nije bakstiennen. De opfallende steunbearen tsjin de súdlike muorre binnen yn 1924 oanbrocht.

It astronomysk oerwurk oan de toer waard nei de Twadde Wrâldkriich oanbrocht en is út tankberens makke troch J. Fred M. Bruin, dy't yn Wier op in pleats by de tsjerke ûnderdûkt sitten hat.

Sûnt 1983 is de tsjerke yn eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De tsjerke is yn 2011 hielendal opknapt. By de restauraasje waarden by de preekstoel 159 benammen 17e-iuwske munten fûn.[3] Skerven fan brânskildere glês wize der op dat de tsjerke eartiids brânskildere ramen hie. Oare fynsten wiene fragminten fan in bakstiennen flier en mozayktegels, dy't mooglik út de 13e iuw stamme.[4] Halbe Zijlstra iepen de tsjerke wer op 9 septimber 2012.[5]

 
Oargel

Ynterieur bewurkje seksje

Eartiids hat de tsjerke mooglik in stiennen ferwulft hân, dat yn de 15e iuw ferfongen is troch it tsjintwurdige houten tonferwulft. Opfallend is de kleur fan it tsjerkemeubilêr, dy't yn roze kleuren skilderd binne mei hjir en dêr swarte en wite aksinten. Dy kleuren fan it meubilêr stamme út de jierren 1950, doe't in nije farvelaach nedich wie en de skilder allinne noch dy kleuren op foarried hie. Ek by de grutte restauraasje yn 2011 binne dy kleuren hanthavene. De preekstoel mei it doophek en de hearebank datearje fan 1725. De banken foar it tsjerkefolk binnen 19e iuwsk. It hek dat it koer fan de tsjerke skiedt stamt út it ein fan de 18e iuw.

De sark yn it middenpaad is fan Skelte Lauta, syn dochter Jel en har man Goslick fan Hiddema en syn twadde frou Siouck van Jelgerhuis.

Yn de grûn waard by de sloop fan de toer yn 1881 in letgoatysk doopfont fûn, dat tsjintwurdich yn it Frysk Museum bewarre wurdt.

Oargel bewurkje seksje

It oargel is yn 1842 boud troch Pieter Jans Radersma fan Wiuwert.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: