Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan

Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan (Ingelsk: Isabella MacDuff; yn Fife, 12?? – Berwick-upon-Tweed (Skotlân), ±1313) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe, dy't in wichtige rol spile yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch. Hja wie in fjurrich oanhingster fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en moast dat bekeapje mei in kriichsfinzenskip yn Ingelân wêrby't se útsûnderlike min behannele waard. Hja moat net betize wurde mei har muoikesizzer Isabella MacDuff, grevinne fan Fife.

Isabella MacDuff
aadlik persoan en/of hearsker
Isabella MacDuff kroanet Robert the Bruce yn Scone yn 1306; modern tablo yn Kastiel Edinburch
Isabella MacDuff kroanet Robert the Bruce yn Scone yn 1306; modern tablo yn Kastiel Edinburch
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 12??
berteplak Fife (Skotlân)
stjerdatum ±1313
stjerplak Berwick-upon-Tweed (Skotlân)
dynasty Hûs MacDuff
etnisiteit Skotsk
Normandysk
Ingelsk
grevinne-gemalinne fan Buchan
amtsperioade 1??? – ±1313

Libben bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Isabella waard yn it lêste fearn fan 'e trettjinde iuw, mooglik om 1285 hinne, berne yn 'e krite Fife, oan 'e eastkust fan Skotlân. Hja wie de dochter fan Duncan III MacDuff, greve fan Fife, en dy syn frou Jehanna fan Clare, in dochter fan 'e Ingelske ealman Gilbert fan Clare, 6e greve fan Hertford. Isabella waard úthylke oan Jan fan Comyn, greve fan Buchan, en waard sadaande grevinne-gemalinne fan Buchan. De relaasje mei har man liket lykwols altyd in ferstânshoulik bleaun te wêzen.

Belutsenens by de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch bewurkje seksje

Nei't Robert fan Bruce, greve fan Carrick op 10 febrewaris 1306 yn 'e Greyfriars Kirk te Dumfries syn rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch deadien hie, dat in neef fan Isabella har man wie, liet er him op 25 maart 1306 yn Scone, by Perth, troch biskop Willem fan Lamberton fan St. Andrews kroane ta kening Robert I fan Skotlân. Isabella reizge dêrhinne, mar arrivearre krekt te let. Lykwols easke hja it tradisjonele rjocht fan har famylje, de MacDuff-greven fan Fife, op om 'e Skotske kening te kroanjen. Hja die dat út namme fan har broer, Duncan IV, dy't minderjierrich wie en boppedat yn Ingelske hannen ferkearde. Sadwaande waard kroaningsseremoanje op 26 maart nochris oerdien. By dy twadde kroaningsseremoanje wie it Isabella MacDuff dy't Robert fan Bruce de Skotske keningskroan op 'e holle sette.

Neitiid bleau Isabella yn it gefolch fan 'e nije kening. Yn juny 1306 waard Robert lykwols troch de Ingelsen en harren Skotske meistanners (wêrûnder Isabella har eigen man) ferslein yn 'e Slach by Methven, en yn augustus kaam de fijân him oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Dêrnei gie er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy. Dêrûnder wiene behalven Isabella MacDuff ek Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie en syn susters Marije en Kristina.

Finzenskip yn Ingelân bewurkje seksje

Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, en datselde lot trof de greve fan Atholl. De froulju sels waarden útsûnderlike ûnmeilydsum behannele, sels foar dy tiid. Isabella MacDuff en Marije fan Bruce waarden op befel fan 'e Ingelske kening Edwert I op it binnenplak fan 'e kastielen fan Berwick-upon-Tweed, resp. Roxburgh yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, sadat se foar eltsenien te sjen wiene. Yn dy steat brochten de folgjende fjouwer jier troch.

Yn 1310 waarden Isabella en Marije út harren koaien helle en ûnder bettere omstannichheden finzen set. Dat hie neat mei humanitêre omtinkens te krijen; om't Robert I tsjin dy tiid almar mear oerwinnings begûn te boeken, waarden de froulju sa njonkelytsen weardefolle gizelders foar de Ingelsen, en soe it sûnde west hawwe om harren stjerre te litten fan kjeld en ûntbearings. Uteinlik waarden Marije, Kristina en Marjorie fan Bruce en Elizabeth fan Burgh nei de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, útwiksele tsjin Ingelske eallju dy't troch de Skotten kriichsfinzen makke wiene. Oer Isabella MacDuff bleau it doe stil, en dêrom wurdt algemien oannommen dat sy foartiid yn Ingelske finzenskip stoarn wie. De lêste kear dat hja yn in histoaryske boarne neamd wurdt, datearret út 1313, doe't se nei in oar tichthús oerbrocht waard. Har úteinlike lot is sadwaande ûnwis.

Neilittenskip bewurkje seksje

Isabella MacDuff wurdt tsjintwurdich noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân. Har ôfskrikwekjend lot hat har ta in histoarysk persoan makke dy't ta de ferbylding sprekt. Sadwaande is Isabella yn in haad- of byrol opfierd yn withoefolle histoaryske literêre wurken, wêrûnder de romans Kingdom of Shadows fan Barbare Erskine, A Rose in the Storm fan Brenda Joyce, Girl in a Cage fan Jane Yolen, en Rebel King: Hammer of the Scots fan Charles en Carolyn Bruce, de Bruce-trilogy fan Nigel Tranter, en it koarte ferhaal Proud Lady in a Cage fan Fred Urquhart.

Yn 'e Bruce-trilogy lit Tranter Isabella MacDuff nei har finzenskip nei Skotlân weromkeare, wat nei alle gedachten net histoarysk is. Isabella wie ek it ûnderwerp fan it liet Isabel fan 'e band Steeleye Span (útbrocht op harren cd Back in Line). Dêryn wurdt sûnder lykfol hokker histoaryske basis beweard dat se de minneresse fan Robert fan Bruce wie en wurdt ek de gronology fan har libben alhiel betize.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.