Isselburg
Isselburg (Nederdútsk: Isselbuorg) is in stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit yn de kreis Borken oan de Issel, it Dútske diel fan de Alde Isel.
Isselburg | |
---|---|
Boarch Anholt | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Borken |
Sifers | |
Ynwennertal | 10.636 (31-12-2019) |
Oerflak | 42,8 km² |
Befolkingstichtens | 197 /km² |
Hichte | 17 m boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 49′ 59″ N, 6° 28′ 0″ E |
Webside | www.isselburg.de |
Skiednis
bewurkje seksjeAnholt
bewurkje seksjeYn 1169 waard yn in lienboek fan de biskop fan Utert al in hear fan Anholt neamd. Om de boarch hinne ûntstie in delsetting en op 25 maaie 1347 krige de delsetting stedsrjochten. Stêd en boarch wiene nau mei inoar ferbûn.
Yn de rin fan de tiid waard Anholt ta in fêsting útboud. In stedsmuorre, trije poarten en grêften en wâlen soargen yn ûnrêstige tiden foar de feiligens fan de stêd. De skea yn de lêste dagen fan de Twadde Wrâldkriich hawwe spitigernôch it measte fan de lêste oantinkens út dy tiid ferneatige. It besjen wurdich binne it histoaryske riedshûs út 1567, dielen fan de bolwurken en grêften, in iiskelder út 1500, mar fral de wetterboarch Anholt.
Isselburg
bewurkje seksjeIsselburg waard om 1300 hinne as "Yselberge" neamd. Yn de 14e iuw soe der al in kastiel stien ha. Dat kastiel waard om likernôch 1410 hinne troch de greve fan Kleef grutter makke en krige de namme "Neyenborg". Hartoch Adolf II fan Kleef joech Isselburg yn 1441 stedsrjochten. Yn 1570 gyng Isselburg op ien hûshâlding nei oer op de lutherske lear. Yn de 17e iuw ûnstie der ek in grifformearde gemeente, wêrfoar't yn 1689 in tsjerke boud waard. Yn 1785 bouden ek de katoliken wer in eigen tsjerke yn Isselburg.
Isselburg hearde mei it hartochdom Kleef yn 1609 by de Mark Brandenburg. De stêd waard yn de jierren 1624, 1669 en 1697 troffen troch grutte stedsbrannen.
De yn 1794 oprjochte izerfabryk Minerva (sûnt 1874 Isselburger Hütte) brocht ekonomyske ûnwikkeling. Ek it ynwennertal naam yn de 19e iuw foars ta (1830: 660, 1867: 1140, 1900: 2235). De fabryk bleau oant it lêst fan de 20e iuw in wichtige ekonomyske pylder fan de gemeente.
Resten fan de âlde stedsmuorre en de iennige wartoer oan de katolike tsjerke tsjûgje fan it formaat fan de boarch, dy't de hearen fan Kleef as eastlike foarpost fan harren ynfloed bouwe lieten. De toer, mei in noch folslein orizjinele wachterskeamer út de 15e iuw, is sûnt koart wer te besichtigjen.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeDe stêd Isselburg bestiet út de ortsteile Isselburg, Anholt, Heelden, Herzebocholt, Vehlingen en Werth. Fan it súdeasten nei it noardwesten streamt troch de gemeente de rivier de Issel. De rivier joech de namme oan ien fan de meast westlike gemeentes fan Westfalen. Himelsbreed is de ôfstân tusken de meast eastlike gemeente fan Westfalen (Höxter-Corvey) en Isselburg-Anholt 205 kilometer.
-
Riedhûs fan Anholt
-
Grêfkapel fan it hûs Salm-Salm -
Katolike Bartoloméustsjerke mei wartoer yn Isselburg
-
Mûne Vehlingen
-
Riedhûs Werth
-
Mûne yn Werth
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Isselburg
|