Haadmenu iepenje

De Tynje soe [1] slim read en sosjalistysk west hawwe, mar dat doocht net hielendal. De ynfloed fan in Domela Nieuwenhuis en letter fan in kommunist as Gerrit Roorda wie wol grut. Dêr waard by opsjoen as de 'Ferlosser en syn Profeet'. Letter wie Opsterlân, lykas de Saanstreek, ien fan de alderearste oarden dêr't it pasifisme polityk stal krige yn de PSP, dy't opgien is yn it hjoeddeiske Groen Links.

Liberalen wennen der mar in pear fan op De Tynje, mar polderdirekteur Ir J. van der Leij wie in wichtich man yn de mienskip en jierrenlang VVD-wethâlder fan Opsterlân.

Der wennen bytiden fier oer de 300 saneamde 'finen' op De Tynje, yn 1955 bygelyks noch 383. Dat wienen fan it iere begjin ôf tige aktive grifformearde anti-revolúsjonêre 'sielen', dy't nei bûten ta net in soad drokte hienen, mar gâns stal jûn hawwe oan de petearen en oan it karakter fan De Tynje. Sy wienen faak, lykas de kommunisten, tige selsbewust. Mar troch harren nocht oan stúdzje en petear rekken sy perfoast net te min by op it mêd fan tsjerke, steat en maatskippij. Dy lju hiene har' yn twa riten ôfskieden fan de 'grutte tsjerke' of steatstsjerke, de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Dy wie harren net allinnich fierstente nijmoaderich en frijsinnich yn 'e lear, mar ek te deftich en te bazich yn it omgean meiinoar. Benammen yn de Grinzer bouhoeke, de Fryske Wâlden en de Stellingwerven wie dat neat foar it folk fan boere-arbeiders en turfmakkers. In soad minsken kearden har fijannich ôf fan de rike steatstsjerke, mar de 'finen' makken harren eigen tsjerke dêr't it op 'en nij demokratysk en grifformeard tagean soe.

Earst mei de Ofskieding fan 1834 en letter yn 1866 mei de Doleânsje makken sy har frij fan dy iene nasjonale tsjerke. Sy neamden harsels wer grifformeard en setten op party plakken selsstannige tsjerkemienskippen op.[2] Dat moasten dy 'finen' gauris belije. Bytiden waard de plysje op harren ôfstjoerd en sels it leger tsjin harren ynset. En as it de baas of de pommeranten net sinde, moasten grifformearden wolris kieze of diele: nei de grutte tsjerke werom of dien krije.

Yn it earstoan kamen de grifformearden, lykop mei de oaren, op De Tynje telâne as turfmakkers of feanbaaskes út Aenjewier, meast fan Tsjalbert. Dy hienen dêre tsjerklik twa jier by Wolvegea heard, ear't se yn 1838 in selsstannige gemeente waarden. Op De Tynje, doe noch by Terwispel, waarden sy lykwols mei harren nije tsjerkemienskip ûnderbrocht by de memmetsjerke fan Lippenhuzen-De Himrik, as âldste dochter. Doe't ek Hoarnstersweach der by kaam, ûntstie in tige grutte tsjerkegemeente. Yn 1844 wie yn Lippenhuzen as sintrum in tsjerke delset, mei in eigen keazen tsjerkerie. Yn 1860 hie dy 6 leden: 2 fan De Himrik, 1 út Hoarnstersweach, ek 1 út Beetstersweach en 2 fan De Tynje. Dy kamen meast rinnendewei by elkoar.

Al yn 1866 hienen dy finen harren earste tsjerkje op De Tynje, efteryn in winkel. Dat folk hie yn de omkriten de namme dat it o sa sjonge en muzyk meitsje koe. Sûnt 1905 mei it harmonykorps 'De Bazuin'.

Yn 1910, itselde jier dat De Tynje selsstannich doarp waard, koenen de grifformearde 'kleyne luyden' (lytse boeren, winkellju en arbeiders) der in eigen dûmny op nei hâlde. Twa jier letter hienen sy in eigen bysûndere skoalle. En yn 1921 setten se mei harren byinoar gearre healtsjes, sinten, botsens, stuorkes, dûbeltsjes, kwartsjes, in inkelde goune en in seldsume ryksdaalder [3] in tsjerkgebou del oan it begjin fan de Rôlbrêgedyk. No is it betonnen gebou in beskerme monumint.

De grifformearde skoalle oan de Riperwei, ±1920

Harren 'School met de Bijbel' wie hast like grut as de iepenbiere skoalle (dy fan de Ulesprong net meiteld). De nije skoalle sette op 28 juny 1912 oan de Riperwei (de klokmakkerij hûzet dêr no) fan 'e mient mei 82 learlingen, twa masters en in juffer.

Dat Domela yn 1888 yn de Twadde Keamer komme koe, hat ek te tankjen west oan de meiwurking fan de grifformearden en net alinne oan Gerrit Roorda en syn maten. Yn it kardistrikt Skoatterlân (dêr't Terwispel mei De Tynje ûnder foel) stimde it folk fan de ARP yn de twadde rûnte massaal op de SDB fan Domela. Dat dienen se op oanrieden fan De Standaard, harren lanlike deiblêd ûnder lieding fan Abraham Kuyper. Der moat ek sein wurde dat Piter Jelles Troelstra der op it SDAP-kongres fan 1902 yn Grins in moasje trochkrige dy't him kant en klear útspriek foar it lykop berjochtigjen fan bysûnder en iepenbier ûnderwiis. Emansipaasje hie mear as ien kleur en ien gesicht, wis op De Tynje.

Boppedat, dy 'finen' mei harren djip woartele oertsjûging spilen foar en yn de Twadde Wrâldoarloch ek net min by. Al yn 1936 waard fan de kânsel ôf it boadskip fan de grifformearde synoade trochjûn: NSB-ers dy't net omlyk wolle, hawwe fuortendalik harren rjochten as lid fan in grifformearde tsjerke ferspile. Yn it ferset tsjin de Dútske besetters arbeiden de 'finen' en de 'grauwen' in soad lykop, ek op De Tynje.

Nei de oarloch stiften dy lju meiinoar op De Tynje in unyk petearsintrum dêr't alle Tynjesters dy't dêr nocht oan hienen, oan meidwaan koenen. Yn 1952 kaam bygelyks Het Amsterdams Volkstoneel in jûn of wat te spyljen. It stik gie oer de kriich, sa't dy troch wite en swarte Amearikanen tegearre striden wie yn de Pacific. In wike letter kaam in ferskaat oan Tynjesters gear yn it kafee en dy praatten dêr mei ynmoed oer saken as pasifisme en rassediskriminaasje. De kranten skreauwen der oer.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. neffens in fraachpetear (begjin 2010) yn de Ljouwerter Krante
  2. It boun fan dy pleatslik autonome 'gemeenten' hiet Gerefomeerde Kerken in Nederland.
  3. Sjoch Âld jild, âlde mjitten en âlde wichten