Ivanovski-kleaster (Pskov)

(Trochferwiisd fan Ivanovsky-kleaster (Pskov))

It Kleaster fan de Berte fan Jehannes de Doper (Russysk: Ивановский монастырь; Ivanovski monastyr) wie eartiids in russysk-otterdoks kleaster yn Pskov. Ferneamd is de oan Jehannes de Doper wijde katedraal fan it kleaster, ien fan 'e âldste tsjerken fan Ruslân, dy't werom giet op de earste helte fan 'e 12e iuw. De tsjerke stiet yn it sintrum oan 'e linker kant fan 'e rivier de Velikaja, tichteby it kremlyn fan Pskov.

Ivanovski-kleaster

Ивановский монастырь

De katolikon fan it eardere kleaster
De katolikon fan it eardere kleaster
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Pskov
plak Pskov
adres Ulitsa Maksima Gorkogo, 1
koördinaten 57° 49' N 28° 19' E
Ynformaasje bou
boujier 1124-1127 of 1240-1243
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 611210001650006
Kaart
Ivanovski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Ivanovski-kleaster

Skiednis bewurkje seksje

 
De katedraal foar de restauraasje fan 1949-1959.

De bou fan 'e katedraal wurdt tradisjeel holden op it begjin fan 'e jierren 1240. Publisearre stúdzjes yn 1970-1980 fan in lokale arsjitekt, Sergej Michailov, wolle ha dat de katedraal âlder is en tusken 1124 en 1127 boud waard. It kleaster wurdt foar it earst neamd yn 1243. Neffens de tradysje waard de katedraal stifte troch prinses Efrosinija, de frou fan prins Jaroslav Vladimirovitsj fan Pskov, dy't ûnder de namme Eupraksija non waard yn it kleaster. Yn 1243 ferstoar hja en waard se yn 'e katedraal by de noardlike muorre begroeven. Letter waarden mear prinsessen non yn it kleaster en ek hja waarden yn 'e katedraal begroeven.

Yn 1615 waard by it Sweedske belis fan Pskov it kleaster beset troch de troepen fan Sweden en rekke de katedraal slim skeind. Oan it monastike libben kaam mei in dekreet fan 16 septimber 1923 in ein en de katedraal waard yn 'e rin fan 'e tiid brûkt as garaazje, as opslach (earst foar koal en letter foar papier fan 'e lokale printerij) en as museum. Krusen en klokken waarden ferwidere en yn 1925 waard it tsjerkhôf fan it kleaster sljochte. Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke by de striid om de befrijing fan 'e stêd fierder skansearre troch brân, mar yn 'e jierren 1949-1959 folge in restauraasje.

De katedraal waard yn 1991 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn 2007 ûnderbrocht by it Kripetski-kleaster.

De Jehannes de Doperkatedraal is it iennige tsjerklike monumint yn Pskov dat neffens de tradysje fan 'e 12e-iuwske Novgorod-arsjitektuer boud waard. It wie ien fan 'e earste stiennen tsjerken fan 'e stêd en toant fierder gjin oerienkomsten mei de ferneamde Pskov-arsjitektuer. It is ek de iennige tsjerke, wêrfan't de helmfoarmige koepels rekonstruearre binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: