Jaap Hartman
Jacques (Jaap) Hartman (Woudrichem, 27 maaie 1950) is in Nederlânsk byldhouwer.
Wurkpaad
bewurkje seksjeHartman folge opliedingen oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Rotterdam en oan de Ryksakademy fan Amsterdam.[1] Hy makke fral figuratyf wurk yn brûns.
Hartman is de inisjatyfnimmer fan de Stedsgalery Woudrichem. In inisjatyf, dat yn 2002 troch de gemeente Woudrichem beleanne waard mei de Kultuerpriis 2002. De stedsgalery is in kultureel sintrum yn de eardere kazerne fan Woudrichem. Der wurde ferskate kulturele aktiviteiten holden en ek kin der keunst liend wurde.
It byld dat Hartman makke fan de seefarder Hindrik Hamel, dy't brek sloech foar de kust fan Koreä en dêr trettjin jier fêstsiet, is ek te sjen yn de partnerstêd fan Gorinchem yn Koreä, Gangjin.[2]
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Tjeerd Bottema - Katwyk oan See (1978)
- Bouwvakker - Sliedrecht (1990)
- Oorlogsmonument - Woudrichem (1991) [3]
- Jampie - Rolde (1992)
- Jacoba van Beieren - Woudrichem (1994)
- Hendrick Hamel - Garkum (1998) [4]
-
Jampie - Plein te Rolde (1976)
-
Tjeerd Bottema - Voorstraat in Katwijk aan Zee (1978)
-
Jacoba van Beieren
-
Hendrick Hamel, Garkum
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jaap Hartman fan Wikimedia Commons. |