Jack Ryan: Shadow Recruit

film út 2014 fan Kenneth Branagh

Jack Ryan: Shadow Recruit is in Amerikaanske spionaazjeskriller en aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh, mei yn 'e haadrollen Chris Pine en Keira Knightley. De titel betsjut "Jack Ryan: Rekrút yn it Skaad". De film is it fyfde diel yn 'e Jack Ryan-rige oer it personaazje mei deselde namme fan auteur Tom Clancy. It is tagelyk ek de twadde reboot fan dy filmsearje en in prequel fan 'e oare films. It ferhaal folget in jonge Jack Ryan wannear't er, koart nei't er rekrutearre is troch de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, in Russysk plan op it spoar komt om 'e Amerikaanske ekonomy ynstoarte te litten troch in twadde Grutte Depresje te feroarsaakjen. Jack Ryan: Shadow Recruit krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. De film waard opdroegen oan Tom Clancy, dy't yn oktober 2013 ferstoar.

Jack Ryan: Shadow Recruit
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kenneth Branagh
produsint Mace Neufeld
Lorenzo di Bonaventura
David Barron
Mark Vahradian
senario Adam Cozad
David Koepp
basearre op Jack Ryan fan Tom Clancy
kamerarezjy Haris Zambarloukos
muzyk Patrick Doyle
filmstudio Skydance Media
di Bonaventura Pictures
Mace Neufeld Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Chris Pine
Keira Knightley
byrollen Kenneth Branagh
Kevin Costner
Alec Utgoff
Gemma Chan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 jannewaris 2014
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk en Russysk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $135,6&bnsp;miljoen
filmsearje
filmsearje Jack Ryan
● foarich diel The Sum of All Fears

Jack Ryan, in Amerikaanske studint dy't ekonomy studearret yn Londen, sjocht op 11 septimber 2001 op 'e tillefyzje hoe't islamistyske terroristen fan Al-Qaida mei harren oanslaggen de beide wolkekliuwers fan it World Trade Center yn New York ynstoarte litte. Hy brekt dêrop syn stúdzje ôf en meldt him oan by it Amerikaanske Marinierskorps. In pear jier letter, wylst er yn 'e Oarloch yn Afganistan tsjinnet, wurdt de helikopter dêr't er yn sit, út 'e loft sketten troch de Taliban. Ryan oerlibbet it delstoarten en nettsjinsteande swiere ferwûnings oan syn wringe, wit er twa oare mariniers út it baarnende wrak te skuorren.

Syn ferwûnings beëinigje syn militêre wurkpaad, mei't dokters betwifelje oft er ea wer rinne kinne sil. Neitiid moat er mear as in jier refalidearje yn in klinyk foar oarlochsfeteranen, dêr't er himsels troch poere wilskrêft wer leart om selsstannich te rinnen. Yn dy tiid moetet er Cathy Muller, in dokter yn oplieding dy't syn refalidaasje begeliedt. Geandewei reitsje se fereale opinoar, mar yn 't earstoan besykje se harren gefoelens te ûnderdrukken om't it ûnetysk wêze soe foar in dokter en gean om mei in pasjint. Underwilens kriget Ryan yn 'e klinyk besite fan kaptein-luitenant-op-see b.tsj. Thomas Harper, dy't foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket. Hy rekrutearret Ryan foar syn wurkjouwer om't er him gâns ûnthjittend fynt.

Yn opdracht fan Harper keart Ryan, nei't er syn refalidaasje foltôge hat, werom yn 'e kolleezjebanken om syn stúdzje ôf te meitsjen. Neitiid ynfiltrearret er foar de CIA de finansjele sektor fan Wall Street ûnder de momkape fan in finansjeel analist. Syn opdracht is om dêr temûk wrâlds jildstreamen te analisearjen om finansiering fan terrorisme bleat te lizzen. Yn dyselde snuorje kriget Ryan einlings en te'n lêsten in relaasje mei Cathy, mei wa't er komt gear te wenjen. Neffens de regels fan 'e CIA mei er har lykwols neat oer syn echte wurk fertelle, of it moat wêze dat se trouwe. Ryan besiket dat probleem te omsilen troch Cathy al rillegau in houliksoansiik te dwaan, mar sy fynt dat te gau. Fan gefolgen is Ryan twongen om har foar te ligen. Dat liedt ta spannings wannear't der in bioskoopkaartsje út syn bûse rûgelet fan in film dêr't Ryan in moeting mei syn CIA-begelieder hân hat. As Cathy him letter freget oft er dyselde film wolris sjoen hat, ûntkent er dat en begjint se har ôf te freegjen oft er har soms bedraacht mei in oare frou.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens ferliest Ruslân in wichtige stimming by de Feriene Naasjes dêr't it lân it near mei besocht te lizzen op 'e oanlis fan in nije oaljepiiplieding troch Azerbeidzjan, Georgje en Turkije om ierdoalje út Sintraal-Aazje beskikber te meitsjen foar de Westerske merk. Dat sil de ekonomyske posysje fan Ruslân as iennichste oaljeprodusint fan belang yn dat diel fan 'e wrâld ûndermynje. As de finansjele merken net nei ferwachting, mei in koersferleging fan 'e Amerikaanske dollar, reägearje op 'e ûntstiene spannings, mar krekt in hegere dollarkoers sjen litte, wurdt Ryan erchtinkend. Hy docht ûndersyk en ûntdekt dat miljarden dollars dy't eigendom binne fan Russyske bedriuwen ferdwûn binne. Al dat jild kin direkt of yndirekt keppele wurde oan 'e Russyske oligarch Viktor Tsjerevin. Ryan fermoedet, mar kin net bewize, dat Tsjerevin fan doel is om, nei in nije grutte terroristyske oanslach yn 'e Feriene Steaten, al dy dollars wer op 'e merk te bringen, sadat de dollarkoers yn frije fal rekket, wat in yn 'e Feriene Steaten nije Grutte Depresje feroarsaakje sil.

Harper wol dat Ryan nei Moskou giet om yngeander ûndersyk te dwaan. Ryan leit dêr tsjinyn dat er inkeld in finansjeel analist is, al is it dan foar de CIA, en gjin aktyf geheim agint. Harper reaget syn tsjinakseljen oan kant troch út te lizzen dat nimmen oars as Ryan dizze finansjele hokus-pokus begrypt. De Amerikaanske finansjele firma dêr't Ryan sabeare foar wurket, docht saken mei ien fan 'e bedriuwen fan Tsjerevin. Wannear't beskate bankrekkens bûten syn berik as kontroleur pleatst binne, hat Ryan in legitym ferlechje om in besyk oan Ruslân te bringen om 'e finânsjes fan Tsjerevin syn sake-ympearium tsjin it ljocht te hâlden. Dat, Ryan risselwearret om ôf te reizgjen nei Moskou. Cathy wol mei en hy kin mar kwealk foarkomme dat se him beselskippet. Ynstee ûnthjit er har dat se him op syn weromreis yn Parys treffe kin foar in romantyske wykein.

Op 'e lofthaven yn Moskou wurdt Ryan ôfhelle troch Embee Deng, in Oegandeeske befeilingingsman dy't foar Tsjerevin wurket. Dyselde begeliedt him nei syn hotelkeamer en besiket him fuort nei oankomst dêre te fermoardzjen. Ryan ûntkomt mar nauwerneed oan 'e dea en wit Deng nei in lang gefjocht te eliminearjen troch him yn 'e badkûp fan 'e hotelkeamer te ferdrinken. Neitiid is der gâns skea oan 'e keamer, leit der in lyk yn 'e badkeamer en is Ryan alhiel oerémis. Hy nimt kontakt op mei de CIA en wurdt nei it Starajaplein ta stjoerd. Dêr moetet er Harper, dy't de lieding blykt te hawwen oer de operaasje yn Moskou. Oan him docht Ryan ferslach fan wat der bard is. As er neitiid weromkomt yn syn hotelkeamer, is it lyk ferdwûn. De stikken sleine húskepot is ferfongen en de kûgelgatten yn 'e muorren en doarren binne reparearre. Neat wiist derop dat der ea in gefjocht plakfûn hat. Ryan kriget in tillefoantsje fan Cathy, dy't in pear ekstra dagen frijnommen hat om al wat earder nei Parys ta. Se freget oft Ryan ek in pear dagen earder fuort kin. Hy antwurdet dat it der krekt op liket dat syn wurk yn Moskou wolris wat langer duorje kin en slacht foar om it wykein yn Parys in oare kear te dwaan. Cathy liket dêrmei yn te stimmen.

De oare deis giet Ryan nei it haadkertier fan Tsjerevin, dêr't er in moeting hat mei de oligarch en dy syn haad befeiliging Dmitri Lemkov. Dêrby kriget er te hearren dat it probleembedriuw mei al syn tabehearren krekt ferkocht is, wat syn kontrôle oerstallich makket. Om syn misje te rêden ymprovisearret Ryan in útnûging oan Tsjerevin om dy jûns mei him te dinearjen yn in djoer restaurant fuort foar it haadkertier fan 'e oligarch oer. Tsjerevin stimt dêrmei yn op betingst dat hy de rekken betelje mei. En heakket er dêr noch oan ta dat Ryan dan moai Cathy meibringe kin, dy't krekt yn syn hotel arrivearre is. De kjel wurden Ryan hastiget him werom nei syn hotelkeamer, dêr't er yndie Cathy oantreft. Hja blykt nei Moskou kommen te wêzen om foar iens en foar altyd dúdlik te krijen oft Ryan mei oare froulju omslacht of net. Hy hat dan gjin oare kar mear as om 'e regels fan 'e CIA oan syn lears te laapjen en har de wierheid te fertellen: dat er in geheim agint is op in gefaarlike misje. Cathy is dêr benammen opluchte oer.

Om't Tsjerevin ferwachtet om by it diner fan dy jûns ek Cathy te sjen, wurdt sy troch Harper by de misje belutsen, tsjin 'e útdruklike wil fan Ryan yn. (Cathy sels liket der gjin problemen mei te hawwen dat se hommels en sûnder training as geheim aginte ynset wurdt.) It plan is dat in ûnderstypjende CIA-agint as bûsehifker fungearje sil om 'e beurs fan Tsjerevin te stellen dêr't dy syn identiteitskaartsje yn sit dat tagong jout ta syn kantoar. Ryan sil him dan ekskusearje mei in ferlechje om it restaurant te ferlitten, de strjitte oer te stekken, it gebou en it kantoar fan Tsjerevin binnen te kringen, it kompjûtersysteem te hacken en alle geheime finansjele gegevens fan 'e oligarch te downloaden nei in usb-stick. Underwilens moat Cathy Tsjerevin oan 'e praat sjen te hâlden.

Dy jûns wurde Ryan en Cathy by harren hotel ophelle troch in wurknimmer fan Tsjerevin. Efteryn de limûsine beare se al dat se relaasjeswierrichheden hawwe, mei't se der wis fan binne dat soks oan Tsjerevin trochdien wurde sil. Yn it restaurant wurdt de oligarch fan syn beurs ûntdien sûnder dat er der erch yn hat. Ryan beart dat er sa dronken as in kroade rekket troch in kombinaasje fan alkohol en de pinestillers dy't er foar de âlde ferwûnings oan syn rêch ynnimt. Hy mislediget Cathy sa dat se him tabyt dat er mar opsokkebalje moat oant er wer nofter is. Tsjerevin, dy't de reputaasje hat dat er graach mei oarmans froulju omslaan mei, slút him dêrby oan. Ryan ferlit it restaurant en ynfiltrearret it kantoar fan Tsjerevin, dêr't er de geheime finansjele ynformaasje stelt.

Ryan lit lykwols by fersin in stil alaarm ôfgean, mei as gefolch dat haad befeiliging Lemkov, dy't al ûnderweis nei hûs wie, de auto swaait en halje-trawalje weromkomt. Hy besiket Tsjerevin te skiljen, mar dy is sa sjarmearre fan Cathy dat er de oprop negearret. Under harren petear stelt Cathy mei har medyske kennis fêst, oan 'e hân fan symptomen dy't Tsjerevin fertoant, dat de man terminaal siik is. Ryan ûntkomt mei de stellen ynformaasje nauwerneed oan 'e befeiligingsminsken en út it haadkertier fan 'e oligarch. Tsjerevin wurdt einlings fan 'e krisis op 'e hichte steld troch syn sekretaresse Katja, dy't persoanlik nei it restaurant tapoatelet om him te warskôgjen. Op dat stuit trochsjocht er daliks hoe't er bespile is en nimt er Cathy finzen en set mei har ôf. Ryan giet der efteroan en wit har mei de help fan Harper nei in spektakulêre efterfolging troch Moskou te rêden.

Underweis werom nei de Feriene Steaten befêstiget de ynformaasje út it kompjûtersysteem fan Tsjerevin de fermoedens fan Ryan dat de oligarch fan doel is om, mei temûke stipe fan 'e Russyske oerheid, de Amerikaanske ekonomy ynstoarte te litten nei in grutte terroristyske oanslach. De CIA ûntdekt op oanwizings fan Ryan dat Tsjerevin syn deawaande soan Aleksander eins al mei njoggen jier weijûn is oan in pear Russyske slieperaginten dy't de Feriene Steaten ynfiltrearre hawwe. In ûndersyk fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI makket dúdlik dat de no folwoeksen Aleksander de Russyske agint is dy't de terroristyske oanslach yn 'e Feriene Steaten útfiere sil. Ryan brûkt syn talint foar it weromkennen fan patroanen om fêst te stellen dat it doel fan 'e oanslach de Amerikaanske finansjele sektor fan Wall Street wêze sil.

Harper en Ryan bejouwe harren halje-trawalje nei Wall Street, dêr't Ryan dejinge is dy't Aleksander gewaar wurdt. Mei't er it him net oan tiid docht en warskôgje Harper of de plysje, giet er op eigen manneboet efter de man oan. It docht bliken dat Aleksander syn bom ôfgean litte wol yn 'e tunnels ûnder Wall Street. Ryan rekket mei him yn gefjocht en wit him tydlik út te skeakeljen. Hy riidt it buske dêr't de bom yn sit wer ta de tunnels út en op 'e East River oan. Aleksander komt by besleur en besiket de bom ôfgean te litten. Ryan giet wer mei him yn gefjocht om him tsjin te hâlden, mar springt út it buske ear't dat fan 'e kade ôf de rivier yn riidt. De bom giet ôf yn 'e East River, dêr't er inkeld it buske ferwoastget en Aleksander deadet, mar fierder gjin skea oanrjochtet.

 
Chris Pine.
 
Keira Knightley.
 
Kenneth Branagh.
 
Kevin Costner.

Yn Ruslân wurdt Tsjerevin ûntbean troch minister fan Binnenlânske Saken Sergej Sorokin, op harren fêste moetingsplak yn in bosk. As de minister arrivearret seit Tsjerevin: "It wie allegearre foar Ruslân." De minister antwurdet: "Dat is dit ek," en lit him deasjitte. Yn Washington, D.C. wurdt Ryan, dy't no mei Cathy troud is, troch Harper meinommen nei it Wite Hûs om 'e presidint yn te ljochtsjen oer de folgjende operaasje fan 'e CIA.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                                                  akteur/aktrise
CIA-agint Jack Ryan Chris Pine
dokter Cathy Muller Keira Knightley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Viktor Tsjerevin Kenneth Branagh
kaptein-luitenant-op-see b.tsj. Thomas Harper Kevin Costner
Aleksander Borovsky Alec Utgoff
Amy Chang ("Control") Gemma Chan
Dmitri Lemkov Peter Andersson
Katja Elena Velikanova
Embee Deng Nonso Anozie
Russysk minister fan Binnenlânske Saken Sergej Sorokin Mikhail Baryshnikov
Rob Behringer Colm Feore
Dixon Lewis David Paymer
Konstantin Lenn Kudrjawizki
froulike FBI-agint Karen David
manlike FBI-agint Eric Michels

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Jack Ryan: Shadow Recruit waard makke nei in senario fan Adam Cozad en David Koepp op basis fan it personaazje Jack Ryan út 'e boeken fan skriuwer Tom Clancy. De film wie it fyfde diel út 'e Jack Ryan-filmsearje, nei The Hunt for Red October (1990), Patriot Games (1992), Clear and Present Danger (1994) en The Sum of All Fears (2002). It wie ek de twadde reboot fan 'e rige nei The Sum of All Fears. Chris Pine wie de fjirde akteur dy't de rol fan Jack Ryan spile, nei Alec Baldwin, Harrison Ford (twa kear) en Ben Affleck.

Nei it kommersjele súkses fan The Sum of All Fears besocht filmstudio Paramount Pictures de rige oer Jack Ryan fuort te setten, mar dat rûn op 'e non. Reden dêrfoar wie dat de studiobazen mar net út 'e rie komme koene oer wa't de haadrol yn in ferfolchfilm spylje moast. (Men woe net op 'e nij yn see gean mei Affleck om't de studio it fertrouwen yn dy akteur ferlern hie nei syn belutsenens by de flopte film Gigli.) Uteinlik kaam in nije film oer Jack Ryan pas yn 2009 fan 'e grûn, hoewol't it projekt ek dêrnei noch pleage waard troch ûnbefredigjende senario's en útstel om't Chris Pine de rol fan James T. Kirk spylje moast yn 'e science fiction-film Star Trek: Into Darkness. Yn maart 2012, likernôch in fearnsjier foar't de opnamen úteinsette moasten, loek de Jack Bender, dy't de film regissearje soe, him werom omreden fan tiidkrapte. De produsinten moasten halje-trawalje in nije regisseur fine, en dat waard de Noardierske filmmakker Kenneth Branagh.

As produsinten wiene Mace Neufeld, Lorenzo di Bonaventura, David Barron en Mark Vahradian by it projekt belutsen foar de filmproduksjemaatskippijen Skydance Media, di Bonaventura Pictures en Mace Neufeld Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen dat foar it meastepart ophoaste waard troch Paramount. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Haris Zambarloukos, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Patrick Doyle.

 
In stikmannich sênes út 'e film waarden opnommen by it Royal Liver Building yn it Ingelske Liverpool, dat trochgie foar Moskou.

De opnamen foar Jack Ryan: Shadow Recruit setten op 18 septimber 2012 útein. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire, en foar in part ek yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden yn Hertfordshire. Ferskate sênes dy't yn Moskou spylje, waarden eins opnommen by it Royal Liver Building yn 'e Ingelske havenstêd Liverpool. Oare filmlokaasjes wiene Londen, Moskou en New York. De reshoots waarden neitiid ek yn New York holden.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Jack Ryan: Shadow Recruit waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 17 jannewaris 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 4 febrewaris fan dat jier by platemaatskippij Varèse Sarabande. Jack Ryan: Shadow Recruit waard op 10 juny 2014 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Jack Ryan: Shadow Recruit mingde resinsjes. Yn 'e San Francisco Chronicle priizge Peter Hartlaub de rezjy fan Kenneth Branagh om it oannimlik meitsjen fan "Chris Pine as in personaazje dat de iene deis yn 'e paperassen omslacht en de oare deis yn Moskou oan slûpmoardners ûntkomt". Kyle Smith fan 'e New York Post woe hawwe dat de film, "nettsjinsteande út en troch in momint dat [de plot] dreech te leauwen is", opboud wie út "in oannimlike sintrale ferhaalline, ferskate meislepende mominten en knaphandich optochte dialooch". Dêr heakke er oan ta dat de film "net safolle piid hat of sa yntelligint is as de Bourne-searje, mar it komt […] der ticht genôch by yn 'e buert."

Yn it tydskrift Rolling Stone wie Peter Travers lang sa posityf net oer Jack Ryan: Shadow Recruit, in film dy't, sa skreau er, "fan himsels gjin persoanlikheid hat". Neffens Travers wie it "in produkt dat opboud is út reserve-ûnderdielen en gearstald mei kompjûterisearre presyzje. […] De film fielt oan as binne der gjin minskehannen oer gear west." Claudia Puig fan 'e krante USA Today konkludearre: "De film komt mar traach op gong en as it ienris safier is, blykt er net mear as út en troch it oansjen wurdich te wêzen. Ek is er bytiden fiersocht. Wêrom is Jack de iennichste persoan binnen waans fermogen it leit om 'e konfrontaasje mei de gefaarlike Tsjerevin oan te gean? Hoe slagget it him om yn in man-tsjin-mangefjocht in hiermoardner oermânsk te wurden dy't de lichemsbou fan in kuolkast hat?" Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter wie likemin goed te sprekken oer Jack Ryan: Shadow Recruit. Hy skreau: "Hoewol't [de film] syn foardiel docht mei in oantreklike cast, de ivige alluere fan it spionaazjespul en in eksoatyske setting yn it hjoeddeistige Moskou, is it grutste probleem mei dizze beskieden ferdivedaasje dat it giet om it soarte film wêryn't kompjûters elts probleem dat him foardocht binnen sa'n fiif tellen oplosse."

 
De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jack Ryan: Shadow Recruit in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Jack Ryan: Shadow Recruit] fynt it aksjeskriller-tsjil net op 'e nij út, mar is wol in glêde, ridlik fermaaklike reboot fan in franchise dy't lang yn 'e sûs west hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jack Ryan: Shadow Recruit in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 36 resinsjes.

Jack Ryan: Shadow Recruit brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $85,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $135,6&bnsp;miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $75,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jack Ryan (filmsearje)
The Hunt for Red October (1990) • Patriot Games (1992) • Clear and Present Danger (1994) • The Sum of All Fears (2002) • Jack Ryan: Shadow Recruit (2014)