Jacob Binckes

(Trochferwiisd fan Jacob Benckes)

Jacob Binckes ek: Benckes, (Koudum, 1637Tobago (Nij-Walcheren), 12 desimber 1677) wie in Nederlânske kommandeur dy't in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. In 1673 werovere hy Nij-Amsterdam (New York) op de Ingelsken yn de mande mei in Siuwske amtgenoat. Hy ferstoar op it Karibyske eilân Tobago doe't syn fort oerfallen waard troch de Frânsen yn de Twadde Slach by Tobago.

Jacob Binckes (skilderij fan Nicolaes Maes)

It offisjele kommando fan de slach om New York lei yn hannen fan de Siuw Cornelis Everts de Jongere, mar feitlik wie de rol fan Jacob Binckes like grut. De twa hienen harren floaten byinoar foege en fierden om bar it kommando. Binckes makke nei de oermastering koarte tiid diel út fan it bestjoer fan de stêd, dat doe noch Nij Oranje hite. Nei in jier, by de Frede fan Westminster krige de Ingelsken New York al wer tebek. Yn ruil ûntfongen de Nederlanners Suriname.

Jacob Benckes hearde ta de saneamde "gouden generaasje" fan marine offisieren, syn karriêre wie yn de tiid fan bekende admiraals as Michiel de Ruyter en Cornelis Tromp. Hy wie belutsen by de ferneamde Tocht nei Chattam yn 1667, doe't de Teems en de Medway opfard waard en de Ingelske skippen ferneatige waarden.

Famylje bewurkje seksje

De skippersfamylje wenne begjin 17e iuw yn Koudum. Jacob en syn bruorren wienen earst keapfardijskippers, lykas harren heit en in pear omkes. De 17e iuwske keapfardijskippers wienen begoedige en hiene grutte ynfloed op it doarpslibben. De destiidske wolfeart is noch ôf te sjen oan it ynterieur fan de Koudumer Martinitsjerke dat út de Gouden Iuw komt, it oerlibbe twa tsjerkegebouwen.

De bruorren sochten it lykwols hegerop. Jacob keas foar de seestriidmacht en soe de rang fan kommandeur berikke yn tsjinst fan de admiraliteit te Amsterdam. Ek syn bruorren krigen grutte ynfloed, se wurken foar de VOC of krektas Jacob by de Amsterdamse admiraliteit. In diel fan de famylje bleau yn de Súdwesthoeke en fêstigen har lykas Jacob yn Starum dêr't se ek minsken fan oansjen wiene. Yn de 19e iuw is de famyljenamme útstoarn.

Ferneamingen bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: