Jacob Walstra (Ljouwert, 15 maart 1918Hyrum, Cache County, Utah, 17 juny 1985) wie in atleet.

Jacob Walstra
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 15 maart 1918
berteplak Ljouwert
stjerdatum 17 juny 1985
stjerplak Hyrum, Cache County, Utah (FS)
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Steeple-chase
ekstra Ned. rekord 3000 m steeple-chase 1947. Ned. kampioen 10 km 1947

Walstra waard berne as soan fan Jochum Walstra en Baukje Nijp.[1] Hy troude op 19 novimber 1938 yn Ljouwert mei Tjimkje Hoeksma (1920–2013).[2]

Hie yn 1947 koarte tiid mei 9.52,2 sek. it Nederlânsk Rekord op de 3000 m. steeple-chase. Yn datselde jier waard er Nederlânsk Kampioen op de 10 kilometer.

Yn 1950, nei de Twadde Wrâldkriich, emigrearre de famylje nei de Feriene Steaten, dêr't se in deli iepenen yn Salt Lake City. Harren soan Jochum (Joe) Walstra (1939–1961) ferstoar by in auto-ûngelok yn Tucker, Utah County.[3]

Walstra ferdronk op 17 juny 1985 by it fiskjen, tichtby it Porcupine Reservoir.[4] Hy frege syn 14-jierrige pakesizzer Joey om al nei de auto te gean. Nei in koarte perioade gie de pakesizzer werom en seach gjin spoar fan syn pake. Sheriff Sid Groll en in dûkteam fûnen letter dy dei it lichem fan Jacob Walstra. Joey, dy't waard grutbrocht troch pake en beppe, fersoarge syn beppe oant har dea op 10 jannewaris 2013.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte, AlleFriezen
  2. Houliksakte, AlleFriezen
  3. (in) Utah Motorist Dies In Canyon Crash, The Salt Lake Tribune, 21 maaie 1961
  4. (in) Angler Drowns in Cache County Stream, The Salt Lake Tribune, 19 juny 1985
  5. (in) Obituary: Walstra, Tjimkje, Deseret News, 17 jannewaris 2013