Jabik fan Dimter

(Trochwiisd fan Jacob fan Deventer)

Jabik fan Dimter (Kampen, ± 1515 - Keulen, maaie 1575 ) wie in kartograaf út de 16e iuw.

Fan Dimter wie in learling fan Gemma Frisius en stie yn tsjinst fan de keizer. De 'heit fan de Nederlânske kartografen' tekene yn 1545 in kaart fan Fryslân (ûnder oare yn Itaalje útjûn ) en in kaart fan It Bilt. Makke ek mear as 250 'stedeplans' ( op skaal 1:75.000 ) foar de Spaanske legerlieding (1555 - 1575 ). Wopke Eekhoff hat dy yn 1865 kocht en foar de wittenskip bewarre. G. Braun en F. Hogenberg folgen Fan Dimter nei yn harren Stêdeboek (1581, 1588)

Priuwke fan syn wurkBewurkje


Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Deventer, Jacob van.