Jalta (Oekraynsk en Russysk: Ялта; Krimtataarsk: Yalta; Armeensk: Յալտա) is in stêd yn de Krimrepublyk op de Krim, yn it suden fan de Oekraïne. De stêd op de noardkust fan de Swarte See is fral ferneamd fan de Konferinsje fan Jalta yn febrewaris 1945. It is in kueroarde en baaiplak dat fanâlds in protte minsken lûkt.

Jalta
Polityk
Lân Oekraïne
Republyk Krimrepublyk
Sifers
Ynwennertal 78.032 (2011)
Oerflak 28,3 km²
Befolkingsticht. 2.758,29 / km²
Hichte 40 m
Oar
Stifting 12e iuw, 1838 (stêd)
Postkoade 98600-98649
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Offisjele webside
www.yalta.com.ua

De stêd leit op it plak fan in âlde Grykske koloanje, dy't stifte wêze soe troch Grykske seelju dy't in feilich plak sochten (γιαλός – yalos yn 't Gryksk) om oan de wâl te gean. It plak wurdt omjûn troch boskige bergen en hat in waarm, fochtich, subtropysk klimaat mei wyngerts en hôven yn de omkriten.

De gemeente Jalta is lyk oan de stedsrayon Jalta.

Berne yn Jalta bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje