James Douglas (stoarn yn 1691)

James Douglas (Skotlân, 16?? – Namen, 1 septimber 1691) wie in Skotsk legerofsier dy't lange tiid yn Ingelske kriichstsjinst wie.

James Douglas
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút James Douglas
nasjonaliteit Skotsk
berne 16??
berteplak ? (Skotlân)
stoarn 1 septimber 1691
stjerplak Namen (Spaanske Nederlannen)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 16?? – 1691
yn tsjinst fan Skotlân (16??-86; 1688-89)
Ingelân (1686-88; 1689-91)
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang luitenant-generaal (sûnt 1688)
konflikt(en) Willemityske Oarloch yn Ierlân
Njoggenjierrige Oarloch
treffen(s) Slach oan de Boyne

Militêre karriêre bewurkje seksje

Douglas wie in jongere soan fan James Douglas, 2e greve fan Queensberry. Foar't er in militêre karriêre neistribbe, helle er syn eksamens as jurist. Oer syn iere wurkpaad is net folle bekend, mar yn 1684 waard er befoardere ta kolonel en oansteld as kommandant fan it Skotske Rezjimint Fuotwachters, dat doedestiden ta it Ingelske leger hearde.

Yn 1688 waard Douglas yn syn heitelân Skotlân oansteld as oerbefelhawwer fan 'e alle jakobityske troepen, en oan it haad fan in Skotsk leger waard er doe nei Ingelân roppen om 'e fallende Stuart-dynasty te ûnderstypjen. Douglas rûn lykwols oer nei it kamp fan Willem III fan Oranje en dy syn frou Marije II Stuart, dy't Marije har heit Jakobus II ûnttroanen.

Douglas syn funksje as kommandant fan 'e jakobityske Skotske troepen waard doe oernommen troch syn eardere ûnderbefelhawwer, John Graham fan Claverhouse, boarchgreve fan Dundee. Under de Willemityske Oarloch yn Ierlân fierde Douglas ûnder de Slach oan de Boyne, yn july 1690, dêr't de oanhingers fan Jakobus II foargoed ferslein waarden, it befel oer in willemityske troepemacht fan 10.000 man. Neitiid focht er yn 'e Njoggenjierrige Oarloch yn 'e Spaanske Nederlannen tsjin Frankryk. Yn 1691 sneuvele er by Namen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.