James W. Forsyth (folút: James William Forsyth; Maumee (Ohio), 8 augustus 1834Columbus (Ohio), 24 oktober 1906) wie in Amerikaansk militêr, dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. Under de Boargeroarloch tsjinne er yn 'e stêf fan generaal Philip Sheridan. Forsyth waard lykwols fral bekend troch it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, fan ein 1890, dêr't hy ferantwurdlik foar wie.

James W. Forsyth
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút James William Forsyth
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 augustus 1834
berteplak Maumee (Ohio)
stoarn 24 oktober 1906
stjerplak Columbus (Ohio)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18561897
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (sûnt 1897)
befel 64e Frijw. Ynfanteryreg. f. Ohio
Am. 1e Kavaleryrezjimint
Fort Maginnis
Am. 7e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Bannok-Oarloch
Geastedûnsoarloch
treffen(s) Slach by Antietam
Slach by Fredericksburg
Slach by Chickamauga
Oerlânske Kampanje
Slach by Cedar Creek
Slach by Five Forks
Appomattox-kampanje
Bloedbad fan Wounded Knee
Gefjocht by Drexel Mission

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en iere jierren

bewurkje seksje

Forsyth waard yn 1834 berne yn Maumee, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, dêr't er syn ûnderwiis genoat oan pleatslike skoallen. Fan 1851 oant 1856 folge er in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, wêrnei't er mei de rang fan twadde luitenant tafoege waard oan Kompanjy D fan it Amerikaanske 9e Ynfanteryrezjimint, dat legere wie oan 'e frontier, yn it Wylde Westen.

Forsyth lei earst yn Fort Bellingham, yn it Washington-territoarium, en hie dêr, ûnder it ferlof fan 'e kommandant fan syn kompanjy, de letter Konfederearre generaal George Pickett, de lieding oer de oanlis fan it fort te San Juan Island. Yn 1861 waard er befoardere ta earste luitenant, en datselde jiers kearde er werom nei it Easten om nei it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn it Noardlike Leger te tsjinjen.

Under de Boargeroarloch

bewurkje seksje

Op 9 novimber 1861 waard Forsyth oansteld ta kolonel mei it befel oer it 64e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Ohio. Hy hie tydlik it befel oer in brigade ûnder de opmars fan Don Carlos Buell om generaal-majoar Ulysses S. Grant te ûntsetten yn 'e Slach by Shiloh, yn Tennessee, mar de deis foar de slach kearde de fêste brigadekommandant, de lettere presidint James A. Garfield, werom, en sadwaande naam Forsyth net diel oan it eigentlike treffen. Op 1 jannewaris 1862 droech er fierders it befel oer it 64e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Ohio oer oan kolonel John Ferguson.

Neitiid waard Forsyth oerpleatst nei it Noardlike Leger fan de Potomac, dat yn it noarden fan Firginia focht. Dêr tsjinne er as assistint-ynspekteur-generaal ûnder de Skiereilânkampanje. Under de Marylânkampanje fungearre er as adjudant fan generaal-majoar Joseph K.F. Mansfield, oant dy sneuvele yn 'e Slach by Antietam. Dêrnei waard Forsyth provoast-maarskalk (haad fan 'e militêre plysje) fan it Leger fan 'e Potomac. Yn dy hoedanichheid wied er belutsen by de Slach by Fredericksburg.

Yn 1863 kearde Forsyth werom nei it Westlik Front, dêr't er adjudant waard fan generaal Philip Sheridan. Yn 'e stêf fan Sheridan tsjinne er mei Wesley Merritt, Thomas Devin en George Armstrong Custer, dy't letter allegear aktyf wêze soene yn 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. Oan it Westlik Front naam Forsyth û.m. diel oan 'e Slach by Chickamauga. Doe't Sheridan oerpleatst waard nei it easten om it befel oer de kavalery fan it Leger fan de Potomac oer te nimmen, gie Forsyth mei him as it haad fan syn stêf.

 
Generaal Philip Sheridan mei syn stêf. F.l.n.rj.: Sheridan, Forsyth, Wesley Merritt, Thomas Devin en George Armstrong Custer.

Mei Sheridan wied er belutsen by de Oerlânske Kampanje, wêrnei't er stêfsjef fan it Leger fan de Shenandoah waard ûnder de Fjildtocht fan 'e Shenandoahdelling fan 1864. Forsyth focht yn 'e Slach by Cedar Creek en yn 'e Slach by Five Forks, en wie stêfsjef fan alle Noardlike kavalery ûnder de Appomattox-kampanje, dy't it slútstik fan 'e Boargeroarloch foarme. Op 9 april 1865 waard er foar syn rol by Five Forks befoardere ta de rang fan brigadegeneraal.

Under de Yndiaanske oarloggen

bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch bleau Forsyth yn it Amerikaanske Leger, mar fanwegen in oerskof oan ofsieren doe't it leger yn fredestiid ôfslanke waard, waard er weromset ta de rang fan majoar. Forsyth wie in grut foarstanner fan it ynsetten fan frije swarten as soldaten yn 'e striid tsjin 'e Yndianen, en tsjinne fan 1866 oant 1878 as ofsier yn it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint, dat hielendal út swarte buffalo soldiers bestie. Fan 1867 oant 1868 wied er yn detasjearre tsjinst fan syn rezjimint, as siktaris en letter ynspekteur fan it militêre Departemint fan 'e Missoury, dêr't syn âlde superieur Sheridan it befel oer fierde.

Fan 1868 oant 1869 focht Forsyth yn 'e Komantsjekampanje op 'e súdlike Grutte Flakten, tsjin 'e Komantsjen en harren bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen, de Súdlike Arapaho, de Kajowa en de Flakte-Apachen. Yn 1870 reizge er nei Jeropa om as offisjele waarnimmer foar it Amerikaanske Leger te tsjinjen ûnder de Frânsk-Dútske Oarloch. Yn 1878 waard Forsyth befoardere ta luitenant-kolonel. As fjildkommandant krige er dêrby it befel oer it Amerikaanske 1e Kavaleryrezjimint yn 'e Bannok-Oarloch tsjin 'e Bannok-Yndianen, en boekte yn dy rol oansjenlike súksessen. Yn 1885 krige Forsyth it befel oer Fort Maginnis, yn eastlik Montana, dêr't er de Krieën, Kry en Gro Wânt yn it each hâlde moast. Yn 1886 waard er befoardere ta kolonel mei it befel oer it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Hy marsjearre yn 1887 mei dy ienheid fan Fort Meade, yn Súd-Dakota, nei Fort Riley, yn Kansas, dêr't er oant begjin novimber 1890 legere wie. Yn dy snuorje organisearre en ûntwikkele er dêre in ynstruksjesysteem foar kavalery en lichte artillery oan 'e pleatslike legerskoalle.

Under de saneamde Geastedûnsoarloch fan ein 1890, tsjin 'e Lakota, fierde Forsyth it befel oer de Amerikaanske troepen dy't ferantwurdlik wiene foar it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't op 29 desimber ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte waarden, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Tsjintwurdich wurdt dat barren beskôge as ien fan 'e slimste Amerikaanske oarlochsmisdieden út 'e oarloggen tsjin 'e Yndianen. Hoewol't syn superieur, generaal Nelson A. Miles, gjin goed wurd oer hie foar syn optreden, wist Forsyth oan hast alle negative gefolgen fan syn aksjes te ûntkommen.

In dei letter, op 30 desimber wie Forsyth ek belutsen by it Gefjocht by Drexel Mission, wêrby't er mei syn troepen yn in mûklaach fan 'e Brulee-krigers fan Slacht-Twa rûn, en ûntset wurde moast troch de buffalo soldiers fan it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint, ûnder lieding fan majoar Guy V. Henry. Yn 1894 waard Forsyth befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer it militêre Departemint fan Kalifornje, as opfolger fan brigadegeneraal Alexander McDowell McCook. Op 11 maaie 1897 folge in fierdere befoardering ta generaal-majoar, en mei dy rang gie Forsyth trije dagen letter mei pinsjoen.

Priveelibben en ferstjerren

bewurkje seksje

Forsyth wie troud mei Elizabeth Dennison (1845-1888), de dochter fan William Dennison, de gûverneur fan Ohio, mei wa't er fjouwer bern krige. Hy stoar op 24 oktober 1906 yn Columbus (Ohio), yn 'e âlderdom fan 71 jier, en waard dêr begroeven op it Green Lawn Cemetery. It plak Forsyth, yn Montana, is nei him ferneamd, en datselde is it gefal mei Camp Forsyth, op 'e legerbasis Fort Riley, yn Kansas.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.