Jan Dirksz. Both (Utert, ±1615 - Utert, july 1652) wie in Nederlânsk keunstskilder, dy't beskôge wurdt as in foarname fertsjintwurdiger fan de twadde generaasje italjanisanten. Hy wie de broer fan Andries Both.

Jan Both - Italjaansk jûnslânskip

Jan Both, soan fan in glêsskilder, gie yn de lear by Abraham Bloemaert, lykas syn broer Andries. De bruorren setten ôf nei Itaalje, dêr't Andries fan 1635 ôf neamd wurdt, en Jan fan 1638 ôf. Twa jier lang bewennen se in hûs yn Rome. Yn 1641 reizgje se nei Feneesje, dêr't Andries yn maart 1642 ferstoar. Jan gie werom nei Utert en waard dêr lid fan it skildersgilde. Hy late in oantal oare skilders op en waard stipe troch de Utertse samler baron van Wyttenhorst. Nei syn dea waard er begroeven yn de Buurkerk te Utert.

Sa as in groep oare Nderlânske skilders yn Itaalje (dy't fral út Utert en Haarlim kamen) skildere Both allinnich Italjaansk oandwaande lânskippen. Dêrom wurde sy wol italjanisanten neamd. In gouden sinne skynt troch de blêden yn in heuveleftich lânskip, stoffearre mei inkelde figueren. It skilderjen fan dizze figuerkes liet er nammers faak oer oan oaren. Yn Itaalje wie dit broer Andries en ien kear werom yn Utert wiene it Cornelis van Poelenburch, Nicolaus Knüpfer en Jan Baptist Weenix.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Both fan Wikimedia Commons.