Jan Bulthuis

Jan Bulthuis
(akwarel fan Hendrik Willem Caspari

Jan Bulthuis (Grins, doopt 30 oktober 1750 - Amsterdam, 29 maaie 1801 wie in Nederlânsk tekener en keunstskilder.

BiografyBewurkje

Bulthuis wie in soan fan Claas Bulthuis en Wemeltien Huising. De húshâlding wenne yn de Stoeldraaierstrjitte yn Grins.[1] Hy krige skilderûnderrjocht fan Jurriaen Andriessen en learde tekenjen by Johannes Wieringa. Yn 't earstoan skildere er lânskippen op behang. Letter lei er him ta op it tekenjen fan steds- en doarpsgesichten. Hy arbeide yn Grins en fan 1780 ôf yn Amsterdam, dêr't er him yn 1785 ynskriuwe liet by de Stedstekenakademy en dêr in gouden medalje wûn. Hy makke de tekeningen foar de "Tegenwoordigen staat der Vereenigde Nederlanden"; Carel Frederik Bendorp makke de gravueres. Teffens makke er in rige tekeningen foar de Beschrijving van de Zaanlandsche dorpen fan Adriaan Loosjes, dat 1794 útjûn waard. Bulthuis syn tekeningen binne ek opnaam yn de "Friese "Vaderlandsche gezichten"" (1968).

BibliografyBewurkje

  • Bulthuis, Jan Vaderlandsche gezichten of afbeeldingen, behoorende tot den Tegenwoordigen staat der Vereenigde Nederlanden, útj. H. Gartman, Amsterdam, 1786-1792
  • Loosjes, Adriaan (fermeardere fan Petrus Loosjes) Beschrijving van de Zaanlandsche dorpen, Haarlim, 1794
  • Kalma, Jacob Jetzes Friese "Vaderlandsche gezichten", De Tille, Ljouwert, 1968
  • Koppejan, Rita Jan Bulthuis: productief tekenaar met een jichtachtig gestel, yn: Museumkrante fan it Grinzer Museum, neijier 2000

GaleryBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Groningers: Doopboek Grins