Jan Jaap van der Wal

Jan Jaap van der Wal (Ljouwert, 31 oktober 1979) is in Nederlânske stand-up comedian/kabaretier, dy't ûnder mear meidie oan it satiryske nijsprogramma Dit was het nieuws. Yn 2006 hat hy it artistyk liederkip fan Raoul Heertje oernaam.

Jan Jaap van der Wal

Jan Jaap hat in hazzelippe, gaadlik ûnderwerp as mikpunt troch Raoul Heertje by Dit was het nieuws. Van der Wal beslacht dit ûnderwerp sels ek geregeld mei de gek.

Op de radio hat Van der Wal tegearre mei Felix Meurders Spijkers met koppen fan de VARA presintearre.

Yn it teäterseizoen 2006/2007 toerde Van der Wal mei syn tredde soloprogramma, BSUR, troch Nederlân. Earder toerde hy mei de programma's 'Out now' en 'Staat'. Yn 2007 en 2009 hat hy de Aldjierskonferânse op telefyzje dien. Yn 2011 waard syn taak oernomd troch Thomas Acda, útreden dat Van der Wal drok wie mei in Nederlânske ferzje fan it Amerikaanske programma The Daily Show dat hy dêrnei begjin 2011 presintearre foar telefyzjestjoerder Comedy Central. Hoewol 't it programma nea fierder kaam as har inisjele begjinperioade, sette Van der Wal yn 2012 de presintaasjestyl wol foar in part troch yn it online satirysk nijsprogramma Panache yn de tiid fan de Keamerferkiezings fan dat jier.[1] Sûnt 2016 is Van der Wal te sjen as sidekick en voice-over by RTL Summer Night as opfolger fan Marieke Elsinga. Fanôf 17 desimber 2017 is Van der Wal wer teamlieder by Dit was het nieuws.

Van der Wal makke tuskentroch de show De Nieuwe Belg dêr 't er bekend yn Belgje mei waard. Hy droech by oan it satiryske telefyzjeprogramma De Ideale Wereld en wennet dieltiids yn Antwerpen. Yn septimber 2018 naam hy by De Ideale Wereld de rol fan fêste presintator oer fan Otto-Jan Ham.[2]

Sûnt 2006 hat hy in relaasje mei aktrise Eva Duijvestein en mei har is er yn 2010 troud. Yn april 2017 krigen sy in soan.

Foarstellings bewurkje seksje

  • Op Eigen Risico (1999) (mei Nico van der Knaap en Sander van Opzeeland)
  • Gejongleerd (2000) (mei Nico van der Knaap)
  • Out Now (2002)
  • Staat (2003)
  • BSUR (2005)
  • Onderbewust (2007) (Aldjierskonferânse)
  • Zonder Band (2008)
  • Lekker Hard Lachen Met Oliebollen (2009) (âldjierskonferânse)
  • Jan Jaap van der Wal Zonder Band (2009)
  • De Kellner en de Levenden (2010) (mei it Rosa Ensemble)
  • Live (2012)
  • Dystopia (2014)
  • De Nieuwe Belg (2015)
  • Not the Tommy Cooper Story (mei René van 't Hof en Vincent van Warmerdam)(2016)
  • Schoon (2017/2018)
  • III-zième (2020/2022)
  • Geen Stem (2023/2024)

Telefyzje bewurkje seksje

  • De ochtenden, as kolumnsist
  • Dit Was Het Nieuws (2001-2009) teamcaptain
  • Jan Jaap van der Wal: Over de wereld (2005)
  • EU-geografie (SchoolTV, 2006) presintaasje
  • Room 101 (2008) presintaasje
  • De Bovenkamer (2009) presintaasje
  • The Daily Show (2011), presintaasje
  • Comedy Live (2011), de wike trochnaam
  • Panache (2013), presintaasje
  • Café Corsari (2015), wykliks fêste gast
  • RTL Late Night (2014-no), moanliks fêste gast
  • RTL Late Night Zomer (2016), sidekick
  • Holland-België (2016), teamlid mei Ruben Nicolai en Jandino Asporaat
  • De Ideale Wereld (2016), wyklikske rubryk
  • De slimste mens ter wereld (2017-no), sjuerylid
  • Control Alt Delete (2018) op NPO 3 fan Human (omrop)
  • De Ideale Wereld op Canvas (2018-2022), presintator
  • Jan Jaap op Zondag op Play4 (2023-no), presintator
  • Voor de Show op NPO1 fan AVROTROS (2023-no), presintator

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: