Jan Jelles Hof
Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 27 oktober 1872 - Ljouwert, 13 febrewaris 1958) wie in Frysk skriuwer, oersetter en sjoernalist.
Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945).
Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma.
Mei O.H.Sytstra in treflik kenner fan de Fryske folkstaal.
Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.
Jan Jelles Hof | ||
skriuwer | ||
Jan Jelles Hof om 1906 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Jan fen'e Gaestmer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 oktober 1872 | |
berteplak | De Gaastmar | |
stoarn | 13 febrewaris 1958 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Poaza, poëzy, sjoernalistyk |
Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.
Bibliografy
bewurkje seksjepoëzij:
proaza:
skoalboek:
- Yn eigen Tún (1909)
oersettings:
- De Sang fen Hiawatha (nei Henry Wadsworth Longfellow, 1901-1904)
- ferskate oersettings nei Multatuli en Guido Gezelle
ferskaat