Jan-Just Bos

(Trochferwiisd fan Jan Just Bos)

Jan-Just Bos (Balikpapan, 28 july 1939Oosterbeek, 24 maart 2003) wie in Nederlânsk roeier, botanikus en presintator. Hy wûn yn 1964 in brûnzene medalje op 'e Olympyske Spullen fan Tokio, en sette neitiid útein mei in karriêre as in foaroansteand plantekundige. Yn 'e 1980-er jierren presintearre er op 'e Nederlânsk tillefyzje by de NCRV de natoerkwis Ja, Natuurlijk.

Jan-Just Bos
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Bos yn 1964.
Bos yn 1964.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan-Just Bos
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 july 1939
berteplak Balikpapan (Nederlânsk-Ynje)
stoarn 24 maart 2003
stjerplak Oosterbeek (Gelderlân)           
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as botanikus, presintator
medium tillefyzje
wurksum by NCRV
bekend fan Ja, Natuurlijk
jierren aktyf 19682003
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid, oplieding en sportkarriêre

bewurkje seksje

Bos waard yn 1939 berne yn Balikpapan, op it eilân Borneo, yn Nederlânsk-Ynje. Hy studearre boskbou oan 'e Lânbouhegeskoalle Wageningen, en wie dêr ûnder syn studintetiid lid fan 'e roeiklub Argo. Yn 1960 naam er as stjoerman yn 'e mande mei Maarten van Dis en Arnold Wientjes diel oan it roei-ûnderdiel twa mei stjoerman op 'e Olympyske Spullen yn Rome. Hja sneuvelen doe yn 'e werkânsingswedstriden. Fjouwer jier letter wûn Bos, by itselde ûnderdiel en op 'e nij as stjoerman, diskear yn 'e mande mei Herman Rouwé en Erik Hartsuiker, in brûnzene medalje op 'e Olympyske Spullen fan Tokio.

Wittenskiplike karriêre

bewurkje seksje

Fan 1968 ôf wie Bos as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan 'e ôfdieling plantesystematyk fan 'e Lânbouhegeskoalle Wageningen en de fuortsettings fan dat ynstitút, de Lânbou-universiteit Wageningen en de Wageningen Universiteit. Dêr hold er him û.m. dwaande mei it jaan fan kolleezjes en praktika, it organisearjen fan ekskurzjes en it dwaan fan ûndersyk. Fan 1994 ôf wied er teffens behearder fan 'e Botanyske Tunen Wageningen, as opfolger fan 'e yn 1993 hommels ferstoarne Onno Wijnands. Ta Bos syn fertsjinsten hearden û.m. syn ynspannings om foar de botanyske tún de status fan in registrearre museum te krijen, as karmerk foar kwaliteit en ferantwurde behear van kultureel erfgoed.

Bos bestudearre mear as tritich jier lang de floara fan Afrika besuden de Sahara, en wurke dêrta twa jier yn Kameroen, dêr't er planten sammele dy't foar de wittenskip noch ûnbekend wiene. Soarten út it skaai Dracaena hiene dêrby yn 't bysûnder syn belangstelling. Fierders wurke Bos in jier lang yn Súd-Afrika, en wied er yn Libearia in jier lang as dosint boskbouplantekunde ferbûn oan in universiteit. Yn 1984 promovearre Bos op it Ingelsktalige proefskrift Dracaena in West Africa. Under syn botanyske karriêre joech er ferskate nije soarten har wittenskiplike namme, lykas de Liparia splendens (Burm.f.) Bos & De Wit (1967).

Tillefyzjekarriêre

bewurkje seksje

Begjin jierren tachtich krige Bos lanlike bekendheid doe't er Kick Stokhuyzen opfolge as presintator fan 'e natoerkwis Ja, Natuurlijk, dy't op 'e tillefyzje troch de NCRV útstjoerd waard. Yn dy funksje wurke er û.m. gear mei Antoon van Hooff, de direkteur fan Burgers' Dierepark yn Arnhim. Nei ferskate jierren droech Bos de funksje fan presintator oer oan Karin de Groot.

Jan-Just Bos kaam yn 2003 yn Oosterbeek, yn 'e provinsje Gelderlân, te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 63 jier. As behearder fan 'e botanyske tún te Wageningen waard er opfolge troch Wilbert Hetterscheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.