Jan Nicolaas Bakhuizen van den Brink

Jan Nicolaas Bakhuizen van den Brink, (De Jouwer, 25 maaie 1896 - Leien, 5 novimber 1987), wie in Nederlânsk tsjerkehistoarikus, heechlearaar yn de skiednis fan it kristendom en fan de learstellings fan de kristlike godstsjinst, yn it bysûnder fan it grifformeard protestantisme oan de Ryksuniversiteit Leien.

Jan Nicolaas Bakhuizen van den Brink
Bakhuizen biedt Keninginne Juliana it earste diel fan de Opera Omnia fan Erasmus oan (1969)
Bakhuizen biedt Keninginne Juliana it earste diel fan de Opera Omnia fan Erasmus oan (1969)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Nicolaas Bakhuizen van den Brink
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 maaie 1896
berteplak De Jouwer
stoarn 5 novimber 1987
stjerplak Leien
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as heechlearaar yn de skiednis fan it kristendom

Oplieding bewurkje seksje

Bakhuizen van den Brink waard berne as soan fan de Nederlânsk-herfoarme dûmny Ludolf Willem Bakhuizen van den Brink (sûnt 1914 siktaris fan de Algemiene Synoade fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, en as pakesizzer fan de bekende histoarikus en Algemiene Ryksargivaris Reinier Cornelis Bakhuizen van den Brink. Hy folge it Kristlik gymnasium yn Utert en studearre fan 1914 oant 1919 teology oan de Ryksuniversiteit Leien. Hy promovearre yn 1923 op it proefskrift De oud-christelijke monumenten van Ephesus ûnder heechlearaar Fredrik Pijper. Hjirfoar wenne Bakhuizen van den Brink in pear moanne yn Parys om him oan de 'Ecole Pratique des Hautes Etudes' te bekwamen yn de Grykske epigrafy. Neist Eugène Faye, de kenner fan Klemens en Origenes, wie it benammen de argeolooch Bernard Haussoullier dy 't him de epigrafy learde.

Karriêre bewurkje seksje

Bakhuizen van den Brink waard yn 1920 beroppen as Nederlânsk-herfoarme predikant yn Nij-Dordrecht, dêrnei yn Winterswyk (1924) en op it lêst yn Rotterdam Kralingen (1929). Yn dizze tiid begûn er in soad omtinken te jaan oan liturgyske fraachstikken. Hy die ek mei oan wurksumheden fan it Liturgysk ferbân, in benei avantgardistyske, destiids noch besletten teologyske wurkgroep, dy't him fernijing fan it liturgysk bestel en werstel fan de earetsjinst binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke as doel stelde. Yn it troch dizze wurkgroep gearstalde Handboek voor den eeredienst in de Nederlandsche Hervormde kerk (1934) stiene twa artikels fan syn hân. Yn Winterswyk lei hy de grûnslach foar syn, yn gearwurking mei Bernard Stegeman skreaune, Het ambt Breedevoort tijdens het Anholter pandschap, 1562-1612 (1933). Yn syn jierren yn Rotterdam stalde hy in grutte stúdzje gear oer De Romeinske katakomben en har' fresco's, dêr't er mei, fuortbouwend op de ûndersikingen fan benammen De Rossi en Wilpert, in breder publyk de wrâld fan de katakomben ynliede.

Bakhuizen van den Brink waard yn 1934 beneamd as heechlearaar yn de skiednis fan it kristendom en fan de learstellingen fan kristlike godstsjinst, yn it bysûnder fan it grifformeard protestantisme, as opfolger fan A. Eekhof. Syn oraasje gie: Incarnatie en verlossing bij Irenaeus. Hy lei him ta op it fan nij besinnen op it wêzen en de funksje fan de tsjerke mei de klam op de patristyk. Bakhuizen van den Brink wie mear as fjirtich jier redakteur fan it Nederlânsk argyf foar Tsjerkeskiednis, dêr't hy syn stream fan publikaasjes ûnderbrocht. Flak foar de Twadde Wrâldoarloch publisearre hy in monumintale krityske edysje fan de Nederlânske belidenisgeskriften, dy't nei syn emeritaat werprinte waarden. Yn de oarloch riede hy edysjes fan teksten fan Tertullianus en Cyprianus ta, dy't benammen foar de ûntwikkeling fan de ekklesiology fan fûnemintele betsjutting wiene. Begjin 1940 besleat hy om yn de mande mei syn Grinslânske kollega J. Lindeboom, in Handboek der kerkgeschiedenis gear te stallen, dat yn it plak komme moast fan de destiids oan de teologyske fakulteiten brûkte Kompendium der Kirchengeschichte fan Karl Heussi, wêryn oan Nederlânske ûntwikkelingen net folle omtinken jûn waard. It earste die ferskynde al yn 1942, it twadde aakm yn 1945 fan de parse.

Bakhuizen van den Brink rjochte yn 1946 it "Kerkhistorisch Gezelschap" op, dêr't hy de earste foarsitter fan waard. Yn datselde jier begûn hy, mei W.F. Dankbaar, it Nederlands Theologisch Tijdschrift, as orgaan fan de fjouwer iepenbiere teologyske fakulteiten yn Nederlân. Fierder wie hy nau belutsen by de oprjochting fan it tydskrift Kerk en Eredienst, dêr't hy nei de dea fan G. van der Leeuw (1950) haadredakteur fan waard en dêr't er in soad bydragen oanlevere. Dêrneist sette hy him bot yn, wittenskiplik en praktysk, foar de fernijing fan de, mei de liturgy gearhingjende, tsjerklike arsjitektuer yn Nederlân. Yn it boek Protestantse kerkbouw (1946) levere hy trije haadstikken. Yn de jierren fyftich wijde hy in tal stúdzjes oan it fraachstik fan de ferhâlding fan Skrift en tradysje. Yn 1955 waard hy lid fan de rie fan ZWO, fiif jier letter folge hy Wagenvoort op as foarsitter. Syn fertsjinsten fûnen erkenning yn syn beneaming ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1970), earder wie hy al beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1957). Yn datselde jier dat hy de lieding fan ZWO oernaam waard hy ek beneamd as foarsitter fan de "Commission Internationale d'Histoire Ecclésiastique Comparée (CIHEC), dêr't hy foarrhinne al in soad jierren ponghâlder fan west hie. Bakhuizen van den Brink wie doctor honoris causa by de universiteit fan St. Andrews (1955) en fan Münster. Hy trede 23 kear as promotor op.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: