Jan Pol (Wateren, 4 septimber 1942) is in Nederlânsk-Amerikaansk bistedokter, dy't ferneamd wurden is troch syn haadrol yn it realitytillefyzjeprogramma The Incredible Dr. Pol, dat útstjoerd wurdt troch it National Geographic Channel. Hy is dêrtroch tige populêr wurden en is no yn 'e Feriene Steaten nei alle gedachten de bekendste persoan fan Nederlânsk komôf.

Jan Pol
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Pol
nasjonaliteit Nederlânsk
Amerikaansk
berne 4 septimber 1942
berteplak Wateren (Drinte)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt bistedokter
jierren aktyf 1970 – no
reden
  bekendheid
haadpersoan yn realitysearje
   The Incredible Dr. Pol

Libben en karriêre bewurkje seksje

Pol waard yn 1942 berne yn it Drintske Wateren, en groeide dêr op as soan fan in feehâlder. Hy learde letter foar bistedokter en studearre yn 1970 ôf oan 'e Ryksuniversiteit Utert. Koarte tiid letter emigrearre er fanwegen syn houlik, yn 1967, mei de Amerikaanske Diane nei de Feriene Steaten. Dêr setten Pol en de frou har nei wenjen yn Harbor Beach, yn 'e noardlike steat Michigan, in gebiet dêr't in protte Nederlânske ymmigranten har fêstige hawwe.

Yn 't earstoan wie Pol dêr yn tsjinst by in oare bistedokter, mar yn 1981 stiften Pol en syn frou in eigen praktyk oan hûs yn Weidman. Pol behannele troch de jierren alderhanne bisten, fan hûnen, katten, hamsters en kavia's oant fee lykas hinnen, kij, skiep, geiten, bargen, alpaka's en sels rindieren.

Pol syn soan Charles wurke foar de tillefyzjestjoerder Nickelodeon, en betocht yn syn frije tiid mei in pear maten ideeën foar nije realitytillefyzjesearjes. Dy beaen se dan oan by ferskate tillefyzjestjoerders, en dêrby murken se dat it súkses fan sa'n idee benammen te krijen hie mei de personaazjes dêr't sokke searjes om draaie moasten. Dat brocht Charles op it idee om in realityrige oer syn heit meitsje te litten. Jan Pol ferwachte der net folle fan, mar hie der gjin beswier tsjin dat syn soan in searje oer him oan 'e man besocht te bringen. Mar it National Geographic Channel liet in pilotôflevering meitsje dy't har sa goed befoel dat it los koe mei de searje.

No rêdt Jan Pol mei syn Drintske nofterens eltse wike op 'e Amerikaanske tillefyzje it libben fan it iene nei it oare bist, wat him yn 'e Feriene Steaten razend populêr makke hat. Eltse dei komme der trije of fjouwer groepen fans yn 'e praktyk del en moat Pol mei har op 'e foto en hantekenings sette. Nei eigen sizzen wurdearret er dy bewûndering wol, mar hy fynt it ek wat grizelich, en it moat fansels net te gek wurde, want dan behinderet it him yn syn wurk. Yn 2014 kaam Pol syn autobiografy út, Never Turn Your Back on an Angus Cow, dy't er skreau yn gearwurking mei ghostwriter David E. Fisher.

Yn 'e simmer fan 2015 wie Pol mei syn frou, beide bern en twa pakesizzers even yn Nederlân, dêr't er him lokkigernôch noch gewoan op 'e dyk fertoane koe sûnder dat er oansprutsen waard troch fans. Wol waard er útnûge yn it praatprogramma fan Eva Jinek, dêr't er útlis joech oer syn wurk en populariteit. Op 22 febrewaris 2016 died er Fryslân oan, dêr't er in gastkolleezje fersoarge oan it Nordwin Kolleezje (foarhinne AOC Fryslân). Dat barde op fersyk fan Pol syn omkesizzer Harm-Jan Pol, dy't dêr studearre. Der wie sa'n oanrin dat de tagong beheind wurde moast ta studinten diergenêskunde, wêrmei't de seal al grôtfol siet. Mear as hûndert oaren moasten teloarsteld wurde. Yn septimber 2016 wie Pol fannijs yn Fryslân, dêr't er op 19 septimber yn Drachten, op 'e Sintrale Merjekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek, mei in filmploech oanwêzich wie om opnamen te meitsjen foar it tsiende seizoen fan syn searje.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 2014 – Never Turn Your Back on an Angus Cow (mei David E. Fisher)
    •   Nederlânske oersetting: Dokter Pol: De Wereldberoemde Dierenarts uit Nederland (fert. Clarine Smeets, 2016)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: